It tal coronagefallen nimt slûpendewei wer ta, GGD fernimt hjerstweach ek

It oantal coronagefallen nimt wer ta © ANP
Yn de sikehuzen lizze hieltyd wer mear minsken mei corona. Yn Fryslan is it oantal pasjinten mei corona yn in wike tiid oprûn fan 15 nei 24. Yn hiel Nederlân lizze 962 minsken mei corona yn it sikehûs: it heechste oantal sûnt 28 july.
Woansdei stelde it RIVM dat de "najaarsgolf" úteinset is, fanwegen de rap tanimmende besmettingssifers en sikehûsopnamen.
"Het gevoel is inderdaad dat het toeneemt", seit Derk Moor fan GGD Fryslân. "We zien dat meer zorgpersoneel zich meldt, ook in de rioolgegevens die we bijhouden zien we dat dat elkaar volgt."
Der wurdt al wer in skoftke prikt © ANP
In pear wiken lyn kamen der tsientallen minsken by de GGD foar in test, en wie likernôch de helte posityf, fertelt Moor. "Nu komen er enkele honderden en test twee derde positief."
It giet dan om testen ûnder soarchpersoniel. It is foar minsken dy't net yn de soarch wurkje op it stuit net mooglik om harren teste te litten by de GGD.

Sels teste

Dy minsken wurdt noch hieltyd advisearre om selstesten te dwaan. "Als die positief is het dringende advies om thuis te blijven. Als de test negatief is wordt nog steeds aangeraden om contact met kwetsbare of oudere mensen te vermijden en als de klachten aanhouden de volgende dag nog een test te doen."
GGD Fryslân © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Dy maatregels binne foar de measte minsken net altyd like dúdlik mear, sjocht ek Moor. "Het beeld is er wel als je er naar zoekt, maar we zijn doorgegaan met ons leven, corona is minder zichtbaar in de samenleving."

Dokkum bliuwt wat efter yn faksinaasje

Sa binne mûlkapkes net mear ferplichte, en steane der gjin grutte buorden of pylken mear by winkels en oare iepenbiere gebouwen. Wat wol wer kin is faksinearje, en dêr is neffens Moor in soad belangstelling foar. "De beschikbare plekken die we hebben zitten bijna allemaal vol."
"Alleen in Dokkum blijft het wat achter, op de rest van de vijf locaties hebben we meer dan 90 procent belangstelling. We zien dat mensen behoorlijk belangstelling hebben om die prik te halen."
Wol is de animo foar de faksinaasje minder as by oare faksinaasjeronden. "We zien wel dat de prik iets lager is dan bij vorige prikken, maar daar hebben we rekening mee gehouden. Dat is misschien ook omdat corona meer uit beeld is verdwenen."