Utkeap-advys foar 'piekbelasters' stelt bemiddelers foar fragen

Klaas van Weperen fan Easterwâlde © Omrop Fryslân
De troch Johan Remkes foarstelde útkeap fan boeren is folle dreger as sein wurdt. Neffens Klaas van Weperen is it ûnmooglik 500 à 600 bedriuwen yn ien jier tiid op te keapjen.
Van Weperen út Easterwâlde bemiddelet by útkeap fan boeren. Hy hat mei in soad ynteresse nei de presintaasje fan it rapport fan Johan Remkes sjoen, mar de advizen roppe benammen in soad fragen by him op.
It gie om it meast opfallende foarstel fan Johan Remkes. Hy advisearre om 500 oant 600 saneamde 'piekbelasters' ticht by Natura2000-gebieten oan te pakken. It sluten soe safolle as mooglik mei frijwillige útkeap moatte, mar as it net oars kin ek mei twang.
It soe gean om benammen feehâlderijen dy't relatyf foar folle stikstofdelslach soargje. "Der is noch neat dúdlik", seit Van Weperen. Om hokker bedriuwen it giet is net bekend. "It binne net allegearre boerebedriuwen, dat is wol befêstige. Der sitte ek oare partijen by."

'Net realistysk'

Neffens Van Weperen is it troch Remkes oandroegen tiidspaad net realistysk. "Der is noch net útlein hoe't it giet: wa is de partner yn it oerlis? Ik hearde dat it advys fan Remkes mei klam is dat dit in goede aksje wêze soe fan it ministearje út. Of wurdt it de provinsje?"
Bemiddeling by útkeap boeren
In trochsneed trajekt duorret folle langer. "As it wat flot rinne wol en der leit draachflak by de boer, dan is 2,5-3 jier al hiel netsjes. En dan moatst noch sjen wat der fierder efterwei komt."

Emoasje, akseptaasje

As earste moatte emoasjes in plak krije en moat der akseptaasje komme, seit hy. "Dat kin echt net yn ien wike. As je dan yn de rûte sitte en de doar in bytsje iepen giet, moat der noch ûnderhannele wurde."
Klaas van Weperen oer it rapport fan Johan Remkes
Boppedat kin it alle kanten op, sa is it gefoel fan Van Weperen. In oare bedriuwsfiering, ferpleatsing, opkeap, twongen ferkeap. "It is in hiel grutte ûndúdlike faktor, dy't gigagefolgen hat foar de minsken dêr't it om giet."