Remkes yn stikstofrapport: "Binnen een jaar 500 à 600 piekbelasters uitkopen"

Johan Remkes © ANP
It kabinet moat neffens 'stikstofbemiddelaar' Johan Remkes de 500 à 600 grutste fersmoargers sa gau mooglik útkeapje. Ek moat neffens him fêstholden wurde oan it plan de stikstofútstjit yn 2030 mei de helte werombrocht te hawwen.
Hy pleitet der wol foar dat tuskentiids nochris sjoen wurdt oft de doelen oeral yn Nederlân helle wurde kinne. "In 2025 en 2028 moet bepaald worden of nuanceringen op het tijdpad nodig zijn."

Pykbelêsters

Remkes trunet oan op it útkeapjen fan bedriuwen dy't in hiel soad stikstof útstjitte, saneamde pykbelêsters. Hy stelt dêrby in "ruimhartige regeling" foar. It útkeapjen soe op koarte termyn foar in grutte reduksje soargje kinne.
Hy hat noch oare oanbefellingen dien. Sa wol er dat it bekende stikstofkaartsje fan tafel giet en moat neffens him de steat fan de natuer sintraal steld wurde. De KDW (krityske deposysjewearde) soe normaal brûkt wurde moatte en net mear "heilig" ferklearre wurde moatte.
Op termyn soe de KDW út de wet weihelle wurde kinne, as in "juridisch houdbaar alternatief" fûn wurde kin.
Zij zijn slachtoffers van onbetrouwbaar beleid en moeten met prioriteit vergund worden.
Johan Remkes oer PAS-melders en ynterimmers
In oare oanbefelling dy't Remkes docht is it mei prioriteit fergunnen fan PAS-melders en ynterimmers. Sy binne neffens him "slachtoffers van onbetrouwbaar beleid" en moatte foarrang krije.
Gearfetsjend moat neffens him sjoen wurde hoe't de partijen mei syn allen de natuer rêde kinne. "Ik denk dat er een goede toekomst in het verschiet ligt. Gezamenlijk optrekken is cruciaal om die toekomst te bereiken."

Krityk

Remkes fernaam yn de petearen mei boeren dat it foar harren fielt as krije sy de skuld. Hy fynt dat it kabinet de ôfrûne jierren stekken falle litten hat. "De agrarische sector heeft de afgelopen jaren te maken gehad met een zwalkend en soms falend beleid."
Hy fernimt dat de ôfstân tusken plattelân en stêd tanommen is en beneamt ek it tekoart oan fertrouwen yn de polityk. Ek hat er krityk op politisy dy't pleitsje foar it werombringen fan de feesteapel mei de helte, sûnder dêrby nammen te neamen. De pleiten foar dat plan binne neamt er "buitengewoon onverstandig en polariserend".

Ferfolchstappen

Remkes docht yn syn rapport 25 oanbefellingen oan it kabinet. Neffens him binne de winsken fan belutsen partijen yn de petearen dy't er fierd hat "reëel". "Een groot deel van de wensen van boeren zouden ingewilligd kunnen worden."
It is no oan it kabinet om oan de slach te gean mei de advizen en befiningen fan it stikstofrapport. De nije lânbouminister Piet Adema sil it rapport brûke om in perspektyfnota oan de boeren te skriuwen. It kabinet komt 14 oktober mei in reaksje op it rapport.