Ynspeksje makket ôfspraken mei brune float: "Vak van schipper gaat bijna 100 procent over veiligheid"

Paul van Ommen © Omrop Fryslân
De Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) hat ôfspraken makke oer it fergrutsjen fan de feiligens op de skippen fan de brune float. Oanlieding wie it ûngelok op it skip de Risico wêrby't in famke fan 12 om it libben kaam.
Der sil ûnder mear ynset wurde op it dielen fan kennis tusken skippers en keuringsynstânsjes. "Het gaat over allerlei onderdelen van de schepen en hoe je ermee om moet gaan", seit Paul van Ommen, fan de feriening foar Beropcharterfeart BBZ.
De ûndersyksried hat in pear jier lyn sein dat dy kennis der wol is, seit Van Ommen. Allinnich net "in alle uithoeken van de sector".
Dêr sil no ekstra op ynset wurde. "Nu moeten we beter gaan kijken hoe we in alle uithoeken van de sector terecht kunnen komen met die kennis. Ook als mensen die niet zelf gaan halen."

Earder ynformearje

De ILT lei earder 39 skippen oan de ketting om't de papieren net op oarder wienen. It saneamde 'certificaat van tuigage' ûntbruts. Dat is it bewiis dat materiaal lykas de mêst en de gyk oan alle easken foldocht.
De brune float yn Harns © Omrop Fryslân
De ynspeksje sil eigeners tenei ek earder ynformearje oer de eindata fan de sertifikaten fan harren skip. Dat hearre skippers sels ek yn de gaten te hâlden, seit Van Ommen. Dochs giet dat net altyd goed. "Kennelijk niet, want er is na het ongeval vastgesteld dat er verschillende schepen waren waarvan de certificaten verlopen waren."
Skippers wurde no mei in mail nochris op de hichte brocht as in sertifikaat hast ferrint. "Net als bij je auto als de APK dreigt te vervallen, dat gaan ze nu ook doen bij schepen."

Feiligens

Feiligens bliuwt ien fan de wichtichste saken binnen de charterfeart, fynt Van Ommen. "Het vak van schipper gaat bijna 100 procent over veiligheid. Als er iets verkeerd gaat, dan moeten we gaan kijken waar het mis is gegaan, hoe we kunnen verbeteren en waar de risico's zitten."