Cambuur skriuwt histoarje: "Dizze komt yn myn top trije"

SportCast © Omrop Fryslân
Sportferslachjouwer Geert van Tuinen rint al jierrenlang om yn it Cambuur Stadion, mar sa'n wedstriid as ôfrûne sneon hat er noch net faak meimakke. Foar it earst yn de histoarje wûn SC Cambuur thús fan PSV.
It bysûndere is wol dat Geert van Tuinen de wedstriid net yn it stadion seach, mar út de studio fan Omrop Fryslân wei dêr't er Sneon yn Fryslân presintearre.
It makket de belibbing fan Van Tuinen lykwols net oars. "Dizze komt yn de top trije, absolút. De oerwinning op Ajax yn de kompetysje ek, mar dit is de oertreffende trep."
De Ljouwerters stiigden boppen harsels út, seach ek sportferslachjouwer Roelof de Vries. "Je kinne fan alles sizze oer PSV en dy wiene hiel min, mar fan de fjirtichste minút ôf wie Cambuur 'heer en meester'."
Der wie gjinien spiler dy't in ûnfoldwaande skoarde by Cambuur, mar neffens sportferslachjouwer Andor Faber wie der wol ien dy't der boppeút stuts: ferdigener Doke Schmidt.
Hy rekke syn basisplak kwyt, mar mocht tsjin PSV wer starte. "Wat Cambuur mist hat de ôfrûne wiken, is Doke Schmidt. Hy jaget, hy coacht en dat is wat Cambuur de ôfrûne wiken mist hat. Hy hat it echt poerbêst dien en dy enerzjy sloech oer op de tribune", seit Faber.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Net allinnich Cambuur belibbe in bysûnder wykein, dat jildt ek foar Wouter Wiersma fan Surhústerfean. Hy is skiedsrjochter en makke ôfrûne freed syn debút yn it betelle fuotbal by Telstar tsjin Jong FC Utrecht.
It waard in debút om net te ferjitten mei ûnder oaren in strafskop en in reade kaart. "Ik tocht: kinst mar ien kear kâns meitsje om in goeie yndruk efter te litten, dus ik moat der by wêze", laket Wiersma. "Ik sjoch der mei in hiel goed gefoel op werom."
Nettsjinsteande dat op de kamera lestich te sjen wie oft de penalty dy't Wiersma joech terjochte wie, bliuwt er by syn beslút. "Der is foar my gjin twivel. Ik stie der moai efter en ik hie it fuort wol troch."

Surhústerfeanster skiedsrjochtersstrjitte

Fryslân hat no twa skiedsrjochters dy't yn it betelle fuotbal aktyf binne. Njonken Wiersma is dat Jesse Rozendal fan De Westereen, dy't no ek yn Surhústerfean wennet. Sterker noch, beiden wenje yn deselde strjitte.
Wiersma en Rozendal hawwe regelmjittich kontakt mei-inoar, fertelt dy earste. "Wy traine beide yn Grins en gean der faak tegearre hinne. Hjirfoar sieten we beiden yn de talintetrajekten. We ha deselde programma's trochrûn", seit Wiersma.
Moandeitejûn heart er hokker wedstriid er kommend wykein yn goeie banen liede mei.