Tjeerd de Groot oer stikstofrapport fan Remkes: "Zo'n advies vraag je niet zomaar aan"

It CV fan Tjeerd de Groot © Omrop Fryslân
Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot tinkt dat it kabinet it stikstofrapport fan Remkes dat takom wike klear is yn grutte linen folgje sil, ek al wit er net hokfoar advizen oft der yn steane. "Zo'n advies vraag je niet zomaar aan natuurlijk."
Dat it ûnderwerp yn de maatskippij libbet, wit De Groot. "Er waren veel protesten." Der kamen fan it simmer ek minsken by De Groot syn hûs yn Wâldsein, mar hy bliuwt der rêstich ûnder, seit er. "Want ik zie ook de bezorgdheid bij de boeren. Maar bij iemands huis komen is over de grens. Als je in gesprek gaat, en je luistert naar de zorgen, dan kom je op een gegeven moment wel verder."
De Haarlemmer fernimt dat oare politisy sels saken taheakje oan de ideeën fan de D66. Dat D66 it wichtich fynt om de stikstofútstjit foar 2030 mei de helte werom te bringen, sa't dat yn it regearakkoart ôfpraat is, betsjut net dat de partij ek de helte minder boeren ha wol, seit De Groot.
"Het gaat er juist om dat je boeren een toekomst biedt, want als je niets doet, dan gaat de komende tien jaar het aantal boeren in de toekomst halveren."

Feesteapel

De Groot is al langer foarstanner fan de ynkrimping fan de feesteapel. "Als het gaat om varkens en kippen." Neffens him binne kij dêryn it minst ynteressant. Hy sjocht leaver dat de wize wêrop't oer de hiele wrâld iten produsearre wurdt, feroaret.
"We zijn het dichtstbevolkte land ter wereld en we hebben ongelooflijk veel dieren. Wat je ziet is dat je met het systeem waar we op aarde voedsel mee produceren, ook dat wat we in Nederland hebben, nooit 10 miljard mensen kunt voeden."
Tjeerd de Groot fynt dat de deadline fan 2030 net ferskood wurde kin
Dat hat neffens him te krijen mei de wize wêrop't lân hjoed de dei brûkt wurdt. "Dat is omdat we teveel vruchtbare grond gebruiken om diervoeder te telen voor dieren. En dat is eigenlijk verlies."
Neffens him moat it stribjen wêze om safolle mooglik fruchtbere grûn te brûken foar it ferbouwen fan gewaaksen dy't direkt foar minsken binne. "Varkens of kippen geef je dan reststro of andere zaken die wij niet kunnen eten. En die koeien hou je op gras." Yn sa'n systeem soe ek in takomst wêze foar de Nederlânske melkfeehâlderijen, tinkt De Groot.

Stikstofrapport

Takom wike komt Remkes mei it stikstofrapport, wêryn't advizen stean sille oer de oanpak fan de stikstofútstjit. Dat rapport is neffens De Groot opsteld binnen de grinzen fan it regearakkoart. "En daar zit nog heel veel ruimte in", seit er.
"De ruimte zit bijvoorbeeld in versnellen. Als je piekbelasters er sneller uit haalt die willen stoppen, dat kunnen boeren, maar ook industrieën zijn, dan geeft dat boeren die blijven wat lucht."
It opskowen fan 2030 as deadline soe de boeren ek lucht jaan kinne, mar dat sjocht De Groot net as in opsje. "We staan met de rug tegen de muur. Ik zou het heel onverstandig vinden, dan loop je het risico dat er geen enkele vergunning meer gegeven kan worden. Niet voor de woningbouw, niet voor alles wat we nu moeten op energievlak. We zullen in ieders belang nu door moeten pakken."
De Groot stiet iepen foar alternative oplossingen om de útstjit werom te bringen
It doel en de deadline steane foar De Groot fêst, mar de wei dêrhinne net. Sa seit er iepen te stean foar oare oplossingen. "Sterker nog, we hebben als D66 een Kameruitspraak gedaan om duurzame boeren die heel weinig stikstof aanvoeren te ontzien. Daarnaast hebben we met elkaar in de coalitie afgesproken dat je ook met technische maatregelen stikstofuitstoot omlaag kunt brengen."

Provinsjale oanpak

As it giet om it werombringen fan de útstjit, ferkiest er in provinsjale oanpak boppe in lanlike. De provinsjes moatte as it oan him leit romte ha foar maatwurk. "Ga met boeren om tafel, sommigen willen stoppen, anderen willen doorgaan, allemaal vrijwillig. Dat betekent wel dat je niet altijd de meest optimale beslissing gaat nemen."
Neffens De Groot soarget dat derfoar dat yn totaal wat mear redusearre wurde moat. "Maar daarbinnen heb je als provincie heel veel ruimte om te zeggen 'we gaan het in dit gebied zo doen'", seit de D66'er. Wol fynt er dat Fryslân "nog een slag moet slaan" boppeop de plannen dy't de provinsje oant no ta persintearre hat, om de doelen te heljen.
Het gaat erom dat we in Nederland weer een natuur krijgen die meedoet, waar onze kinderen van kunnen genieten, met schone lucht en schoon water.
Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot (D66)
"Uiteindelijk moet het optellen tot het percentage dat Fryslân heeft meekregen. Dat zal ook getoetst moeten worden door een ecologische autoriteit. Het moet aantoonbaar goedgekeurd worden, dan kan het naar Den Haag. Dat is die deadline van 1 juli 2023."
De lânbouwurdfierder fan D66 fynt dat minsken troch alle diskusjes wolris ferjitte wêr't it by de oanpak fan stikstofútstjit om giet. "Uiteindelijk gaat het erom dat we in Nederland weer een natuur krijgen die meedoet, waar onze kinderen van kunnen genieten, met schone lucht en schoon water."
De enerzjykrisis betsjut net dat de stikstofproblematyk wachtsje moat, seit De Groot
De stikstofoanpak is op it stuit net it iennige dat yn de polityk en de maatskippij spilet. "Het is op dit moment echt heel spannend", seit De Groot. "We kijken echt niet weg voor wat mensen op dit moment op hun bordje krijgen. Met de energierekening. Dat is iets wat we ons als D66 en als kabinet hebben aangetrokken."
Dochs betsjut dat net dat de oanpak fan de stikstofútstjit dêrom efkes wachtsje moat, fynt De Groot. "Je hoeft niet één ding te doen, je kunt het beide doen."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Tjeerd de Groot.
En neffens him docht it kabinet wat it kin. "Het kabinet is gekomen met een groot pakket voor de koopkracht, zeker om mensen met een kleine beurs te helpen."
"Tegelijk moeten we zorgen dat we huizen isoleren, zorgen dat je van het gas komt", fynt De Groot. "En structureel werken aan de energie en de natuur."
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân