Noed by tsjerkebestjoeren oer hege enerzjy-prizen: 'Dikke trui oan by de tsjinst'

Koos Tolboom, pastoar fan De Gordyk © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De hege gasprizen soargje foar grutte problemen by tsjerken. Tsjerken binne oer it algemien grutte en ferâldere gebouwen en dus moat der in soad stookt wurde om de tsjerke waarm te hâlden.
De kommende winter giet de gasrekken nei rekôrhichte. "Dat baart ons grote zorgen", seit pastoar Koos Tolboom fan De Gordyk. Syn parochy bestiet út fjouwer gebieten; Easterwâlde, Drachten, Zorgvlied (Drinte) en De Gordyk. Trije hawwe fariabele enerzjykontrakten, wêrtroch't dy in soad mear betelje moatte de kommende winter. It bestjoer is yn oerlis oer in mooglike oplossing.
"Het idee zou kunnen zijn om twee kerken open te stellen in plaats van vier", seit Tolboom. "Al is dat toch iets wat je liever niet wilt. Niet iedereen is even mobiel en dus wil je het liefste de dienst dicht bij huis houden. Maar als we niets doen komen er grote problemen met de gasrekening."
Tsjerkbestjoeren hawwe noed oer de enerzjyrekkens
Koepelorganisaasje Rooms-Katholieke Kerk Noard-Nederlân fernimt dat der in soad soargen binne ûnder tsjerkebestjoeren. Net allinnich op de koarte termyn, mar ek foar de takomst fan de gebouwen.
Ferduorsumje is nammentlik dreech foar in tsjerkegebou. Dy binne faak ryksmonuminten en dan meie der net samar sinnepanielen op. "Tsjerken moatte kreatyf wêze", seit Lammert de Hoop fan de RKK.
"It is fansels ek mooglik om in tsjinst yn in lytser gebou te hâlden. Faak sit dy njonken de tsjerke en is dat earder waarm te krijen. Yn de Roomske tsjerke is der gauris ek noch in tsjinst troch de wike, mar dy wurdt meastentiids no wol skrast. De sneinstsjinst bliuwt foarearst stean, want dy is wichtich."
Pastoor Koos Tolboom oer de enerzjy
Mocht it dochs sa fier komme dat tsjinsten skrast wurde moatte, dan is der noch in alternatyf neffens De Hoop. "Yn de coronatiid hawwe der in soad online-tsjinsten west en koene minsken thús nei in tsjinst sjen. Dat is lykwols gjin opsje wat my oanbelanget, want wy binne no krekt wer sa bliid dat wy allegear by inoar komme kinne. It leauwen dogge je mei syn allen."

Om de kosten wat te dekken, liket de temperatuer dochs echt nei ûnderen te moatten yn de tsjerke. "Bij de eerstvolgende dienst vertel ik de mensen dat ze de komende tijd een dikke jas aan moeten doen", seit pastoor Tolboom. "We hebben het honderden jaren zonder verwarming gedaan in de kerk, dus zullen we dit ook wel overleven."
Lammert de Hoop fan koepelorganisaasje Rooms-Katholieke Kerken