Sân opliedings fan NHL Stenden oanmurken as topopliedings

© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Elsevier Weekblad hat sân opliedings fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert beneamd as topstúdzje. Om foar de titel topstúdzje yn oanmerking te kommen moat de oplieding troch studinten folle better beoardiele wurde as oare stúdzjes binnen deselde sektor.
It wykblêd publisearret alle jierren in ranglist fan de bêste HBO-opliedings, wêrfoar't goed twatûzen opliedings mei-inoar ferlike wurde. De gegevens komme út de Nationale Studenten Enquête, yn dy enkête wurdt studinten troch hiel Nederlân frege om harren eigen oplieding te beoardielen.

Sân kear goud

De bêste opliedings krigen fan it wykblêd in gouden medalje. Dy hat NHL Stenden ûnder oare krigen foar de opliedings Accountancy, Gemy, learaar Ierdrykskunde en dosint Teater. Fiif fan de sân opliedings dy't dit jier goud krigen, dienen dat ferline jier ek al.
Trije oare stúdzjes op de hegeskoalle ha sulver krigen, noch trije learareopliedings en de stúdzje Bestjoerskunde krigen brûns.