HEA! Susanne smyt in angel út

HEA! Fiskfrou Susanne
Se hat al mei it Nederlânske team foar froulju nei it WK fiskjen yn Frankryk west. Foar Susanne Dijkstra út Wolvegea is fiskjen net samar in hobby, mar in serieuze sport, dêr't sy alle dagen mei dwaande is.
De 20-jierrige Susanne is eins alle wykeinen wol oan de wâlskant te finen, se docht in soad oan wedstriden mei. Troch de wike riedt se dêrfoar it materiaal ta. Mar skoalle en staazje kostje de learling-ferpleechkundige ek noch in soad tiid. Susanne genietet foaral fan it bûten wêzen en de fisken te slim ôf te wêzen.