It swurd fan Grutte Pier wie foar it earst bûten Fryslân foar ûndersyk

© Historisch bewijs
It ûnderstelde swurd fan Grutte Pier is foar it earst yn de skiednis de grins oer gien foar ûndersyk. It hat nei it Ingelske Oxford west foar saneamd neutroane-ûndersyk. Yn it tv-programma 'Historisch Bewijs' wurdt freed bekend oft it swurd ea écht brûkt is.
It Fries Museum hat it swurd al mear as hûndert jier yn brûklien fan de gemeente Ljouwert. Saakkundigen fan Historisch Bewijs ûndersykje oft it swurd écht komt út de tiid dat Grutte Pier libbe (dat wie ûngefear tusken 1480 en 1520).

Echt of net?

Ek wolle se witte oft it swurd fan 2.13 meter lang en 6,6 kilo swier écht brûkt is of dat is in seremonieel stik wie. Robert van Langh, Martine Gosselink en Stephanie Archangel sykje dat út mei konservator Diana Spiekhout.
It swurd fan Grutte Pier © Fries Museum
It swurd jildt as ien fan de topstikken fan it Fries Museum, taskreaun oan de bekende Fryske frijheidsstrider. Neffens de ferhalen soe er mei it swurd de hollen fan meardere fijannen yn ien slach ôfhouwe kinne.
Pier Gerlofs Donia (sa. 1480-1520) fan Kimswert wie boer, mar waard foaral bekend as 'Grutte Pier.' By in plondertocht fan Saksyske hierlingen en Frjentsjerters baarnde syn buorkerij ôf. Mei oare lotgenoaten besleat Pier te striden tsjin de Saksyske oerhearsking en letter de Habsburgers.
Pier wie grut fan stal en waard de oanfierder fan de 'seinschipsluyden.' Yn Fryslân waard er bekend as in legindaryske folksheld, foar de Hollanners wie er in piraat.
Grutte Pier wie oanfierder fan de binde 'Arumer Zwarte Hoop.' It ferhaal giet dat Grutte Pier yn dizze striid it grutte swurd fan mear as twa meter lang brûkte.
In bekende ets fan Grutte Pier út 1622 © Simon Frisius (Collectie Rijksmuseum)
Yn it ISIS Neutron and Muon laboratory fan it Rutherford Appleton Laboratory hat in analyze fan it swurd west. Dat is dien mei in IMAT imaging-ynstrumint: dy stjoerde strielen fan kâlde neutroanen troch it swurd. Dat is te ferlykjen mei in soarte röntgentechnyk.
Historisch Bewijs is freed om 22.15 oere te sjen op NPO2.