HEA! Op syk nei de aapkes yn AquaZoo
De âlderein út de Ljouwerter wyk Westeinde hat in moai útstapke nei bistetún AquaZoo. Dêr binne allerhande bisten te sjen fansels, mar de froulju Eke en Jannie wolle foaral nei de aapkes ta.
Mar it falt harren net ta om wiis te wurden út de plattegrûn. En der moat fansels ek genôch tiid oerbliuwe foar in hapke, in peukje en in slokje. En wêr binne dan dy apen?