Skylge en Steatsboskbehear wiis mei nije wetterputten yn tiden fan drûchte

Swier materiaal fan de lânmacht © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Skylge is bliid mei de twa nije wetterputten dy't troch definsje slein wurde. De putten binne bedoeld foar de brânwacht, sadat dy genôch wetter hat as der brân is.
De wetterputten dy't definsje der no by makket komme yn West-Skylge oan de Longway Noord en yn Aasterein by it parkearplak by de Boschplaat. De brânwacht kin der maklik by op dy plakken.
Skylge en Steatsboskbehear wiis mei nije wetterputten yn tiden fan drûchte

Previntive maatregels

Boskwachter Feline Zwaan leit út dat Steatsboskbehear al sûnt 2016 dwaande is mei previntive maatregels foar de natuer. "Dat gaat om het onderhouden van de aanrijdroutes voor de brandweer. Er komt van alles bij kijken. We werken al jaren samen met de brandweer en kijken kritisch naar ons eigen terrein."
Lokoboargemaster Gea van Essen is bliid mei de kalamiteiteputten. "In deze gebieden is er eigenlijk niets. Door de verdroging bevatten waterplassen eigenlijk te weinig water om bluswater uit te halen, zeker in de zomer. Dus het is verstandig om dit soort putten te slaan, zodat je altijd water bij de hand hebt."

Lânmacht yn tou

Definsje set swier materiaal yn om de putten te meitsjen, mar neffens adjudant De Leeuw den Bouter wurdt dat eins oeral ynset. "We hebben dit jaar ook aan de andere kant van de Waddenzee geboord, aan de Marnewaard. Daar kwamen we een identieke grondsoort tegen."
Ferslachjouwer Lennard Geerts
Foar de lânmacht is der noch in ekstra reden om bliid mei de put te wêzen. "Het is fijn om een calamiteitenbron te hebben om de natuur te beschermen, maar het is ook van belang voor onze certificering. We hebben een aantal boringen per jaar om gecertificeerd te blijven naar de normen van de branche."