De toan fan Froukje Sijtsma: "Adventure Trail"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Ik hie dus in pryske wûn. Ik fertelde der in pear wiken lyn al oer. As eksprimint die ik mei oan allerhanne prizepûzels. Gewoan om ris te sjen hoelang't it duorret foar't ik wat winne soe. En fansels foar dy eufory: dat hearlike gefoel dat troch je lichem dreunt as je yn de prizen falle.
De triedleaze stofsûger gie oan my foarby, it 500 euro shoptegoed by in meubelgigant ek, mar doe kaam it mailtsje fan myn soarchfersekerder. Ik hie twa kaartsjes wûn foar de Adventure Trail.
De Toan fan Froukje Sijtsma
Sân kilometer drave troch de bosken fan Oranjewâld, mei ûnderweis in ferskaat oan sportive spuleleminten. Fansels wie ik bliid, om't ik lang om let myn pryske wûn hie, mar ik begûn 'm ek in bytsje te knipen. Ik bin nammentlik wol sportyf, mar ik bin gjin draver. Myn bêste prestaasje is de 100 meter sprint nei de bushalte.
Ofrûne sneon mochten wy yn it spier. Myn freon is in draver, mar in oere foar de start waard ik dochs wat senuweftich. Ik haw ommers hielendal net traind. Ik hie de lêste wiken wol swommen yn bûtenwetter en op flinke hichte klommen yn it grutste klimbosk fan Nederlân. Mar drave is dochs oare koeke.
By de start aktivearje wy in tsjip dy't ús tiid en punten byhâldt. Wy hawwe twa oeren om it parkoers ôf te lizzen. Elke minút dêrboppe kostet punten. Kostbere punten dy't je ûnderweis fertsjinje kinne mei spultsjes.
Wy starte as ien fan de âlderlêsten. Dat jout de boarger moed, om't je net oan de rinnende bân ynhelle wurde troch fanatikelingen. Mar je binne ek in bytsje je referinsjekader kwyt, om't je net witte hoe flot de oaren it parkoers ôflizze.
Nei in pear hûndert meter drave op karakter, komme wy by it earste spultsje oan. In braingame. Mei houten blokken moatte wy in rekkenmystearje oplosse. It kostet efkes tiid, mar de earste 10 punten wurde op de tsjip set. It draven wikselje wy ôf mei flot kuierje. Underweis dogge wy spultsjes: bôgesjitte, diskwerpe, suppe, kanoë, freerunne, autobannen lûke en katapult sjitte. By hast alle spultsjes witte wy it maksimaal oantal fan 10 punten te beheljen.
Mar dan komme wy by it lêste ûnderdiel. De stoarmbaan: klimme yn netten en survivalje oer touwen. It earste ûnderdiel yn de netten slagget my noch wol. Mar as ik mysels op hichte nei ûnderen glydzje litte moat en hingjend oan touwen it parkoers fierder ôflizze moat, hâld ik op. Ik meitsje mysels wiis dat ik dit net kin, al is dat miskien foaral psychologysk. Myn freon jout de striid noch net op en skarrelet noch wat punten by inoar.
As alderlêste koppel komme wy oer de finish. Mei in tiid fan 1 oere en 42 minuten en in punteskoare fan 90 út 100 punten, binne wy hiel tefreden. Net gek ast sjochst dat de winners mei 100 punten der in 1 oere en 3 minuten oer dienen.
Foldien en mei in wurge lea gean wy werom nei hûs. Myn freon sjocht my laitsjend oan en seit: "Sille wy ynkoarten mar ris út om in pear goeie hurddraversksuon?" Ik fyn it in goed idee. En wa wit meld ik my dan ynkoarten noch ris frijwilllich en better traind oan foar in folgjende Adventure Trail."