Marit Bouwmeester is topsporter en mem: "Dit is it dreamsenario"

Marit Bouwmeester © Orange Pictures
Sylster Marit Bouwmeester libbet har dream: se waard yn maaie mem en stiet no alwer foar har rentree yn de topsport. Bouwmeester komt yn oktober yn aksje op it WK yn de olympyske Laser-klasse yn de Feriene Steaten.
"Ik fyn it echt geweldich", seit Bouwmeester oer it mem-wêzen. "Se laket sa folle. Ik wist net dat je sa folle leafde foar ien fiele koenen."
Har dochterke Jessie Mae waard yn maaie berne. In goede fiif moannen letter is se der gewoan by op it WK. "Ik ha myn hiele swierwêzen ynrjochte om sa fluch mooglik werom te kommen. Oant in wike foar de befalling ha ik oan it trainen west en twa wiken dêrnei ha ik it wer hiel rêstich oppakt."
Bouwmeester sit nei eigen sizzen noch wol yn de 'opboufaze', mar se hat alwer in aardich basisnivo. Op it WK wol se benammen wedstriidritme opdwaan. "Myn lêste wedstriid wie de Olympyske Spelen. Gewoanwei is dat net sa slim as je fysyk hiel sterk binne, mar myn búkspieren hâlde it noch net hiel lang fol. It wichtichste is dat ik no sjen kin wêr't ik stean en wêr't ik noch oan wurkje moat."
Fansels is it net maklik, dat sil eltse âlder wol werkenne.
Marit Bouwmeester oer it kombinearjen fan topsport mei it hawwen fan in bern
Lang tocht Bouwmeester dat se tusken it mem-wêzen en it topsporter-wêzen kieze moast. "Fuort nei de Olympyske Spelen yn Tokio waard ik swier. Mar ik hie net it gefoel dat myn topsportkarriêre klear wie. Ik wol it noch ien kear hiel goed dwaan en it yn styl ôfslute."
Dat se it no kombinearje kin, neamt se in 'dreamsenario'. "Fansels is it net maklik, dat sil eltse âlder wol werkenne, mar ik bin hiel tankber dat ik topsporter én de mem fan Jessie Mae wêze mei."
De folgjende Olympyske Spelen binne tichteby hûs. Parys is yn 2024 de offisjele lokaasje, al sille de sylwedstriden by Marseille hâlden wurde. Boppedat is it kwalifikaasjetoernoai by Scheveningen. Bouwmeester wennet yn Den Haag en dus kin se ta har gelok faak by har dochter wêze.
It WK yn de Feriene Steaten is fan 11 oant en mei 16 oktober.