Schuil en Nummerdor gean troch

31 jul 2012 - 17:15

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe ek harren twadde wedstriid yn it Olympysk toernoai wûn. De Nederlânners wiene yn twa sets fierstente sterk foar it Dútske team fan Erdmann en Matysik.

Schuil en Nummenor wûnen de sets mei de oertsjûgjende skoares 21-9 en 21-16. Mei dy útslach stiet it duo op in dield earste plak mei it team út Letlân dêr't se tongersdei tsjin spylje moatte. De twa teams mei de measte punten gean troch nei de folgjende ronde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)