Sjoerd de Vries sânde op 1000

27 nov 2011 - 11:57

Sjoerd de Vries is yn Astana sânde wurden op de 1000 meter. De âld-ynwenner fan Twellingea ried 1.09.53. De winst wie krekt as ferline wike by de wrâldbeker yn Tsjeljabinsk foar Stefan Groothuis. Syn winnende tiid: 1.08.85. It ferskil mei de nûmer twa, opnij Kjeld Nuis, wie krekt as ferline wike sânhûnderste. De Koreaan Tae-Bum Mo waard tredde yn 1.09.29.

Trefwurden: 
reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)