Harnzer krijt klappen

© Omrop Fryslân
In man fan 51 jier út Harns is sneontemoarn betiid oanholden op fertinking fan swiere mishanneling. Op de Foarstjitte yn Harns seach de plysje in ferwûne man lizzen. Omstanners seine dat er mishannele wie. Hy wie skopt en slein troch twa manlju, dy't dêrnei útnaaiden.
Ien fertochte út Harns is oppakt yn syn eigen wente. Nei in twaddenien docht de plysje noch ûndersyk. It slachtoffer hie ferwûnings oan de holle. Hy moast mei de ambulânse nei it sikehûs.