Thijsje Oenema: sulver op 1000

27 nov 2011 - 10:35

Thijsje Oenema hat op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Astana it sulver helle op de 1000 meter. De Nederlânsk kampioen fan De Jouwer kaam út op 1.16.12. In wike lyn yn Tsjeljabinsk waard Oenema noch mar trettjinde yn 1.17.58. Olympysk- en wrâldkampioen Christine Nesbitt fan Kanada wie opnij fierwei de sterkste mei har 1.14.82. Margot Boer, ferline wike noch twadde, waard no tredde. It ferskil mei Oenema wie sântûzenste. Marrit Leenstra waard fjirde yn 1.16.29 en Ireen Wüst fiifde yn 1.16.38.

Trefwurden: 
reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)