Arjan Stroetinga wint wer

26 nov 2011 - 22:34

Arjan Stroetinga is foar de fjirde kear op rige winner wurden fan in maraton om de KPN Cup. Op de Ireen Wüst iisbaan yn Tilburch wie de reedrider fan Waskemar wer ris de rapste yn de massasprint. Ingmar Berga waard twadde, Rob Hadders tredde. By de froulju pakte Foske Tamar van der Wal har fiifde winst yn de KPN Cup. Yn totaal stiet har teller al op sân. Trije Friezinnen moasten belies jaan yn de sprint: Rixt Meijer waard twadde, Wieteke Cramer tredde en Fransisca Groen fjirde.

Trefwurden: 
maraton
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)