ONE-Dyas stekt definityf 500 miljoen yn gasfjild boppe Skiermûntseach

In oar boarplatfoarm by de Noardsee © ANP
It bedriuw ONE-Dyas hat besletten definityf 500 miljoen euro te stekken yn it winnen fan ierdgas út it fjild N05-A yn de Noardsee, boppe Rottumerplaat en Skiermûntseach.
It giet om de grutste Nederlânske ynvestearring yn ierdgasûntwikkeling fan de ôfrûne 15 jier, sa lit ONE-Dyas witte. It ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat hat 3 juny al in fergunning ôfjûn foar it ûntwikkeljen fan it gasfjild yn see.
Troch it ôfjaan fan dy fergunning hat de Nederlânske oerheid betrouwen útsprutsen yn nut en needsaak fan gas út de Noardsee, sa is it bedriuw fan betinken. Neffens ONE-Dyas komme de plannen no yn de faze fan konkrete tariedingen.
"Je moet een platform ontwerpen. Daarnaast zal je een onderstel moeten bouwen en de bovenkant zal een technologisch stuk werk zijn om het gas in de pijpleiding te kunnen krijgen", leit Chris de Ruyter van Steveninck, direkteur fan ONE-Dyas út. "Het merendeel van de materialen komt uit Nederland en Duitsland."

2024

De bedoeling is dat it gas al foar de winter fan 2024 beskikber is foar Nederlân en Dútslân. ONE-Dyas ferwachtet sa'n 4,5 oant 13 miljard kúb gas winne te kinnen by it fjild N05-A.
It platfoarm moat draaie op wynenerzjy © ONE-Dyas
De Ruyter van Steveninck fynt it in wichtige stap yn de enerzjyfoarsjenning. It platfoarm moat draaie op wynenerzjy fan it njonkenlizzende wynpark Riffgat. "Zolang we gas nodig hebben, is dit het meest logische gas om af te nemen. Juist vanwege het feit dat je gas het dichtst bij de bron wilt gebruiken."
"Wij zijn al jaren met het project bezig", giet De Ruyter van Steveninck fierder, "maar de oorlog in Oekraïne heeft een vergrootglas gelegd op het nut van leveringszekerheid. Het is van belang dat je lokaal produceert."

Krityk fan de eilannen

Net eltsenien is bliid mei de plannen. Sa hat boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach har altyd negatyf útlitten oer nije gaswinning.
Yn july stjoerden Skiermûntseach en Borkum in brief nei it Ryk mei de oprop om ôf te sjen fan gaswinning. "Niet aan beginnen, investeer liever in hernieuwbare bronnen", skreau Van Gent koartlyn noch.
Gemeente Skiermûntseach fynt gaswinning net mear fan dizze tiid en yn striid mei de klimaatdoelen. Van Gent is benaud foar it Waad, mar ONE-Dyas jout oan dat de boarringen fier bûten it kwetsbere gebiet plakfine. It gaswinbedriuw sprekt fan in soarchfâldich fergunningsproses, wêrby't de miljeu-effekten genôch yn byld brocht binne.
Boppedat stelt ONE-Dyas dat it besiket it platfoarm 'natuerynklusyf te bouwen. "Als je de juiste stenen gebruikt, kunnen we de natuur rondom zo'n platform laten floreren. De impact op de natuur is zeer beperkt", stelt de direkteur.
It Nederlânske regear liet earder witte gjin beswier tsjin gaswinning op dit plak te hawwen. Yn Dútslân wie yn 't earstoan net elts foar, mar troch de oarloch yn Oekraïne waard in nije ôfwaging makke.