Blau Wyt '34 spilet sneon wer tsjin PKC'83, noch oerlis oer ekstra maatregels

Argyffoto fan it haadfjild fan Blau Wyt '34 © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Blau Wyt '34 docht gjin oanjefte nei de fjochtpartij tusken spilers fan it twadde alvetal fan dy klup en fan PKC'83 út Grins. Sneon stean beide klups yn Grinslân op 'e nij foar inoar oer, befêstiget it fuotbalbûn. Yn Grins wurdt noch oerlein oer ekstra feiligensmaatregels.
By in fuotbalwedstriid tusken it twadde alvetal fan Blau Wyt '34 út Ljouwert en PKC'83 út Grins waard sneon flink fochten. Nei't de klup út Ljouwert in gelykmakker skoarde, ûntstie de houwerij tusken de spilers fan de beide alvetallen.
Foarsitter Henk Buning fan Blau Wyt: "Toen vloog de keeper naar de scheidsrechter, alle spelers naar de scheidsrechter. Een speler van ons probeerde de bal mee te nemen naar de middenstip en werd op de grond geslingerd, toen kwamen er wat spelers van ons bij. Die werden met behoorlijke vuistslagen geveld."
Neffens Buning hat de heit fan ien fan de spilers it fjild op west om't syn soan dêr langút lei. De spilers fan PKC woenen dêrnei ferhaal helje by him.

Eskalaasje

De Grinzers wite de eskalaasje oan de skiedsrjochter. Dy soe de boel net goed yn 'e macht hawwe. It publyk soe dêrby de spilers útdage hawwe.
PKC wol op dit stuit net mear reagearje om't de saak yn ûndersyk is. Kluplieder Gertjan Vrieling lit noch wol witte dat hy fynt dat saak te iensidich beljochte wurdt.
It fuotbalbûn seit dat it harkje sil nei de ferhalen fan beide klups. In ûnôfhinklike tuchtkommisje docht fierder ûndersyk. It sil sa'n twa of trije wiken duorje foar't bekend wurdt oft der straffen oplein wurde.
Henk Buning, foarsitter fan Blau Wyt
Beide klups sjogge de ûngeregeldheden as in ynsidint. Blau Wyt docht gjin oanjefte. De wedstriid tusken it earste fan beide klups giet takom wykein yn Grins gewoan troch.
In wurdfierder fan de boargemaster lit witte dat op dit stuit noch net bekend is oft der ekstra maatregels naam wurden. Dêr wurdt dizze wike noch oer oerlein.