Mear eigen jeugd yn it earste fan Cambuur? "De kans wordt groter"

SportCast mei Fedrik Houtstra © Omrop Fryslân
Dat fuotballers as Jhondly van der Meer, Milan Smit en Floris Smand trochbrekke yn it earste fan SC Cambuur is in logysk gefolch fan de ynvestearringen yn de jeugdoplieding. Dat seit it haad dêrfan, Fedrik Houtstra, yn de SportCast.
It is goed seis jier lyn dat de Ljouwerters op 'e nij úteinset binne mei in eigen jeugdoplieding. Dêrfoar lei it op syn gat en noch earder wurke Cambuur gear mei FC Groningen. De âldste jeugdteams spilen doe yn Grins en de jongere yn Ljouwert.
Doe't Cambuur op 'e nij begûn, moasten de âldere teams op 'e nij ynskreaun wurde yn de kompetysjes. "Ze moesten heel laag instappen", fertelt haad jeugdoplieding Fedrik Houtstra.
De ôfrûne jierren binne de âldste jeugdteams meardere kearen promovearre. Sa spilet de ûnder 21 jier fan Cambuur no bygelyks op itselde nivo as sc Hearrenfean.

"Enorme stappen"

De klup hat dizze simmer ynvestearre yn de jeugdoplieding. Sa hat it mei Houtstra no in fulltime haad jeugdoplieding en hawwe trainers mear oeren der by krigen. "Ik denk dat wij enorme stappen maken", seit Houtstra. "Op dit moment met minder budget dan clubs als Heerenveen, Groningen en PEC Zwolle."
It gefolch moat wêze dat der mear spilers fanút de jeugd trochstreame nei it earste alvetal. Houtstra: "Die druk leggen we onszelf als opleiding op. Het basisniveau van onze opleiding gaat heel erg omhoog, dus de kans wordt groter dat we spelers afleveren aan de selectie."
Dêryn spilet trainer Henk de Jong ek in grutte rol, yn de eagen fan de haad jeugdoplieding. De Jong hat Van der Meer, Smit en Smand debutearje litten. "Je hebt een trainer nodig die ze de kans geeft. Henk doet dat in een belangrijk jaar voor de club. Dat als trainer durven, vind ik echt fantastisch."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De opliedingsklup fan Fryslân wie sc Hearrenfean, mar it hat dus konkurrinsje krigen út Ljouwert wei. In spiler dy't net trochbrutsen is, mar no as noch skitteret yn it Abe Lenstra Stadion is Andries Noppert. De keeper hat ôfrûne wike meitraind mei it Nederlânsk alvetal.

Noppert nei it WK?

Mooglik dat hy oer twa moannen mei Oranje nei it wrâldkampioenskip fuotbal mei. Op de training hat Noppert, mei fiif oare keepers, dizze wike wittenskiplike tests dien om saken as reaksjesnelheid en berik te mjitten.
Fuotbalpommeranten as Willem van Hanegem en Johan Derksen fûnen dat bespotlik, mar Houtstra tinkt dat it gjin kwea kin. "Om dit als onderdeel te gebruiken om meer informatie te krijgen, is nooit verkeerd. Wie weet levert het straks op het WK wat op en doen we het fantastisch", fynt Houtstra.