Andries Noppert: "Menear Van Gaal is echt in fantastyske man"

Andries Noppert op de tribune yn Poalen © Omrop Fryslân
"Menear Van Gaal is echt in fantastyske man", seit Andries Noppert nei in wike by it Nederlânsk alvetal. En oft de Jouster tinkt dat er meigiet nei it WK? "Ik ha echt gjin idee."
Echt hiel folle kin - of wol - Noppert net sizze oer syn kânsen op meidwaan oan it WK yn Katar. "Nee, en ik moat sizze, dat soe hiel moai wêze, mar dêr bin ik no net mei dwaande. We sjogge it wol. Ik kin ien ding dwaan en dat is hiel hurd wurkje en mysels sjen litte."
Ek nei efkes wat trochfreegjen en freegje hoe grut it persintaazje is, seit hy dat hy it gewoan echt net wit. "Lit ik no earst oant it WK mar ris de pannen fan it dak spylje by Hearrenfean. En dan tink ik dat je it menear Van Gaal hiel muoilik meitsje kinne."
Hoe wie de wike fan Andries Noppert by Oranje?
Moandei kaam Noppert nei Zeist en trainde hy koart mei. Tiisdei itselde, woansdei wie it in reisdei nei Poalen, tongersdei siet hy op de tribune yn Poalen. Juster doe't Oranje tsjin België spile, mocht er wol op de bank plaknimme. In wike sûnder wedstriidminuten, mar dochs in hiele moaie wike.

Hecht alvetal

"In wike dêr't ik yn meitraine mocht op in hiel heech nivo. Mei hiele bysûndere jongens. In hiel soad minsken ha in miening oer dit team, mar ik ha se meimakke en it binne stik foar stik fantastyske keardels. In hiel hecht alvetal. Ik bin bliid dat ik der diel fan út meitsje mocht."
Noppert wie foaral ûnder de yndruk fan it nivo. "It nivo is folle heger, dus je moatte sjen oft je mei kinne yn it tempo. It fernuvere my neat. Mar der is ek romte foar ferbettering. It is in moaie krêftmjitting."
It binne allegear goeie jonges en ik fiel my der goed tusken. Se ha my ek goed opfongen.
Andries Noppert oer it Nederlânsk alvetal
Tsjin Poalen siet Noppert op de tribune. Hoe segrinich wie hy dêrfan? "Net. Ik kom krekt om it hoekje sjen. We wiene mei trije spilers tefolle, dus dan fyn ik dat net sa frjemd."
Tsjin België wie hy derby en siet hy op de bank. "Dat is wol bysûnder. Om der yn klaaikeamer by te wêzen. Om it wedstriidplan mei te meitsjen, mar it is eins in bytsje it standert-rideltsje. Ik snap heus wol dat it goed is om te sjen hoe't dit belibbe wurdt, mar dêr stean ik dan ek hiel nuchter yn. It gebeurt by ús ek, hjir dan op in wat heger nivo. It is sa. It binne allegear goeie jonges en ik fiel my der goed tusken. Se ha my ek goed opfongen."

"Myn nivo wie wol prima"

Hoe ferhâldt Noppert him tsjinoer de oare keepers? Tsjinoer Pasveer, Cillessen en Flekken? Noppert fynt dat lestich om te bepalen. "Nei ien wike is it lestich om te sizzen. Trainst net hiel folle, mar op mominten dat we trainden, wie it prima."
Hy wit noch net krekt wêr't er stiet. "Ik fyn dat muoilik om te sizzen. Remco stiet no op goal en neffens my is dat net mear as fertsjinne. Dat is foar my gjin ferrassing. Ik mei bliid wêze dat ik der by siet en dat ik in wike meitrainde."
Wat oaren sizze, kin my gjin reet skele. Ik bin bliid dat ik hjir stean mei en dêr bin ik grutsk op.
Andries Noppert oer oft er wol of net meidocht oan it WK
En sa bliuwt Noppert eins ek wat faach oer syn kâns op meidwaan oan it WK. Hy wit it gewoan net. En dat boeit him eins fierder ek net. "Der binne miskien minsken dy't sizze 'do bist it fjirde wiel oan de wein'. Mar wat oaren sizze, kin my gjin reet skele. Ik bin bliid dat ik hjir stean mei en dêr bin ik grutsk op."

Testen

De keepers diene ek in test. Dêrfoar kaam ûnder oare Peter Murphy del, de coach dy't foar it WK yn 2014 Van Gaal ek holp. De keepers diene testen, der waarden in soad penalty's op Noppert ôffjurre. Noppert hat de resultaten noch net sjoen. En hy wit ek net oft er dy noch te sjen krijt, mar neffens him giet it ek om in oar spultsje.
"Sjoch. Tim Krul hat it op it WK yn 2014 fantastysk dien. Dy hat in bepaald spul spile om by ien yn de holle te sitten. Dêr leau ik ek wol yn. Ik tink dat elke keeper mear mei dat spul spylje moat. En dan is it gewoan sa lang mooglik wachtsje en yn de goeie hoeke sitte."
En tinkt Noppert dat hy dat ek kin? "Ik tink dat as ik dermei oan de slach gean, en ik dat spul besykje te spyljen, dan tink ik fan wol."

Noppert entûsjast oer Van Gaal

Noppert makke ek foar it earst trainer Louis van Gaal mei. En dy makke nochal yndruk op him. "Ik fyn it in fantastyske man. Hy is earlik en oprjocht. Ik tink dat der net folle trainers binne dy't minsken krekt witte te kideljen. Under him is ek noch net ferlern en dat seit neffens my genôch."