Marrit Jasper krijt spylminuten by ienfâldige oerwinning Nederlânsk follybalteam op WK

Marrit Jasper (18) yn it shirt fan it Nederlânsk team © Orange Pictures
It Nederlânsk follybalteam hat ek de twadde wedstriid op it WK wûn. De ploech fan bûnscoach Avital Selinger wie mei 3-0 te sterk foar Kameroen. Yn de slotfaze krige Marrit Jasper fan Snits in pear spylminuten.
De wedstriid ferrûn frij ienfâldich foar Nederlân. Allinnich yn de twadde set koe Kameroen yn de skoare aardich bybliuwe. De setstannen wienen 25-11, 25-20 en 25-13.
Troch de romme foarsprong doarde Selinger it oan om yn de tredde set in soad wikselspilers yn te setten. Sa kaam ek Jasper yn it fjild. By de earste wedstriid op dit WK, tsjin Kenia (3-0 oerwinning), krige se ek al in pear spylminuten.
Woansdei spilet Nederlân de tredde pûlwedstriid op it WK. Dan is Puerto Rico de tsjinstanner.