Cambuur docht fertrouwen op tsjin Almere City, Hearrenfean wint fan Cercle Brugge

Tom Boere yn in eardere oefenwedstriid © Orange Pictures
SC Cambuur en sc Hearrenfean hawwe tongersdeitemiddei harren oefenwedstriden wûn. Cambuur wie mei 5-2 te sterk foar Almere City, wylst Hearrenfean mei 1-0 wûn fan Cercle Brugge.
Beide profklups spilen in oefenwedstriid om't se dit wykein net yn aksje komme fanwegen it ynterlânfuotbal.

Köhlert en Haye werom

Hearrenfean spile yn de besletten wedstriid mei in miks fan basis- en wikselspilers tsjin de nûmer 17 fan de Belgyske kompetysje. Mats Köhlert en Thom Haye makken harren earste minuten nei harren blessueres.
De Friezen wûnen de wedstriid úteinlik troch in doelpunt yn de twadde helte fan Rami Al Hajj. Hy skeat in strafskop raak.

Cambuur sûnder Henk de Jong

Cambuur oefene by Leeuwarder Zwaluwen fjouwer kear tritich minuten tsjin Almere City FC, de nûmmer 11 fan de earste divyzje. Dat dienen se sûnder trainer Henk de Jong, dy't in Spanje is om in trainingsakkommodaasje te ferkennen foar in trainingskamp.
Nei tweintich minuten kamen de Ljouwerters op foarsprong troch in eigen doelpunt fan Almere-ferdigener Théo Barbet. Hy tikke in foarset fan Remco Balk efter syn eigen doelman.
Fuort dêrnei waard it ek 2-0. Wer wie Balk de man fan de foarset en no skeat Silvester van der Water de bal yn de goal. Nei 41 minuten brocht Boere de stân op 3-0 fan de penaltystip ôf. Twa minuten letter makke Marco Tol der mei de holle ek noch 4-0 fan. De 5-0 kaam nei in foarset fan Doke Schmidt op namme fan Balk.
Cambuur yn aksje op it fjild fan de Leeuwarder Zwaluwen © Omrop Fryslân, Andor Faber
Yn de 76e minút dienen de Almeerders foar it earst wat werom. Tim Receveur skeat in frije traap efter doelman Brett Minnema: 5-1. Yn de 109e minút bepaalde Bradly van Hoeven de einstân op 5-2.