Joop van der Linden: "Ik wol de minsken yn Amsterdam wat meijaan út ús regio"

Joop van der Linden belibbe koartlyn it 25-jierrige jubileum mei syn band Amsterdam Klezmer Band. Yn Noardewyn fertelt er hokker muzikaal paad hy kuiere rjochting dizze mylpeal.
De Amsterdam Klezmer Band giet mei 'Some Kind of Golem' nei de teäters mei nij materiaal. Oanlieding foar dizze toer is dat de groep 25 jier lyn it deiljocht seach. Joop van der Linden is trombonist fan de sânkoppige band. De leafde foar blaasynstruminten krige er al betiid mei, fertelt er.

Heit blazen hearre

"As ik as bern op bêd lei, hearde ik ús heit ûnder trompetspyljen. Dat fûn ik sa moai. Foar my wie hy de bêste trompettist fan de wrâld", memorearret Van der Linden, dy't yntusken 23 jier yn Lutjegast wennet.
Net folle letter sleat er him oan by de muzykskoalle en de folgjende stap waard de pleatslike fanfare, dêr't syn heit ek ûnderdiel fan útmakke. "It wie sowieso in hiel getoeter by ús thús. In broer spile drum, mar myn oare broer saksofoan, en myn suster hobo. Ik bin de iennige dy't der mei trochgien is."

Op keamers yn Grins

De fanfare blykte de tagongsrûte nei de muzykwrâld. Van der Linden geniete nei eigen sizzen as jonkje folop tusken de grutte minsken. "Dat ik dêr mei myn tromboane by wêze mocht. Bist dan in lyts stikje fan de klank fan de fanfare. Prachtich fyn ik dat. Letter diene we noch mei oan it Kerkrade Wereld Muziek Concours. As ik dan hearde wat oaren dêr út har tromboane wisten te heljen. Geweldich."
Doe't Van der Linden 18 jier wie, begûn Grins oan syn mouwe te lûken. Bakhuzen hat er altyd in moai doarp fûn, "mar op dy leeftiid wolst nei de stêd." Hy gie op keamers en melde him oan by it konservatoarium, dêr't er klassyk tromboane studearre.
Wy hawwe ûnderwilens hiel wat lannen sjoen.
Joop van der Linden
Hy soe in geweldige tiid belibje yn Grins. "'No begjint it echte libben', tocht ik. Der wie in leuke muzykscene, der wie altyd wat te dwaan en ik makke der in soad freonen. Dêrom bleau ik der wenjen doe't ik healwei de oplieding jazz studearjen gie yn Hilversum", fertelt Van der Linden, dy't as muzikant flinke stappen oan it meitsjen wie. "Ik krige les fan Bart van Lier. Dat wie ferskriklik nijsgjirrich."

Balkanklanken

Jazz is in streaming dy't ek trochklinkt yn de groep dêr't er op it stuit yn blaast: de Amsterdam Klezmer Band. Al binne it benammen de Balkanklanken dy't harren muzyk typearret. "We steane bekend as feestband en ha ûnderwilens hiel wat lannen sjoen. Foar myn gefoel moat allinnich Noard-Koreä noch, haha."
"It is in freoneklup wurden troch de jierren hinne. Dat moat ek wol as je bygelyks tiden yn in buske sitte, fan plak nei plak." De band is ek no oan it rûnreizgjen. Nederlân, Dútslân, en in skoft lyn nei it festival Sziget yn Hongarije.

Kennismakking fia kassettebantsje

Van der Linden kaam by de band fia klarinettist Janfie van Striem, in bekende fan him. "Hy sei: Ik spylje my no dochs yn in leuk bandsje. En joech my in kassettebantsje mei harren muzyk. Dy haw ik hieltyd beharke by it fervjen yn ús doe nije hûs yn Lutjebroek. Se koene in tromboanespiler brûke en ik mocht meidwaan by de Aprilfeesten by de Nieuwmarkt yn Amsterdam. Ik hie my hielendal suf repetearre, en dat leanne: ik koe derby komme."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1 op 1 petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
De Amsterdam Klezmer Band wurket foar it jubileum mei in waaier oan artysten gear. Dêrby sjocht Van der Linden it as syn taak om regionale ynfloeden wolkom te hjitten. "Amsterdam is krekt in eilân. De Ring is in soarte muorre om 'e stêd. It is nochal self centered."

Piter Wilkens

De muzikant wist Piter Wilkens safier te krijen om nei syn studio yn Lutjebroek te kommen. Dêr is Van der Linden tige wiis mei. "De grutte Piter Wilkens. De stim fan Fryslân. Ik fyn net gau ien geweldich, mar by him ha ik dat wol. It gefoel dat er hat foar de relaasje tusken tekst en melody... ja, foar my stiet er op iensume hichte. "
Van der Linden pindelet troch syn muzikantelibben tusken stêd en doarp en lavearret sadwaande tusken ferskillende sfearen. "Wêr't ik wenje, sjochst oeral de flagge op de kop. Yn Amsterdam binne se mei hiel oare dingen dwaande", seit er. "Ik fyn it moai dat ik de minsken dêr wat meijaan kin út ús regio, lykas Piter Wilkens yn dit gefal. It is belangryk datst ek mei muzyk fan bûten dyn omjouwing kennismakkest."
Nijsgjirrich wurden nei Joop van der Linden en de Amsterdamse Klezmer Band? Op 9 desimber trede se op yn De Koornbeurs yn Frjentsjer.