Flechtlingen en frijwilligers yn Ljouwert nimme weemoedich ôfskied fan taalles

Op it ôfskiedsfeest fan de taalles © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Mei pizza en muzyk namen frijwilligers en flechtlingen ôfskied fan inoar nei in jier lang Nederlânske taalles. Sa'n 60 frijwilligers learden hast 300 flechtlingen út it WTC yn Ljouwert de Nederlânske taal.
De lessen waarden organisearre troch Stichting Solidair Fryslân, op in lokaasje oan de Edisonstrjitte yn Ljouwert. "Het is begonnen in coronatijd met taalwandelingen, omdat er anderhalve meter afstand gehouden moest worden en je niet in grote groepen bij elkaar mocht komen", fertelt aktiviteitebegelieder Marianne Landheer fan de stichting.
Fan it begjin ôf wie it populêr en dêrtroch groeide it út ta taallessen. "De een komt iedere dag, de ander komt een keer in de week."

Mear as taalles allinne

Letter waard der yn groepkes lesjûn. Neffens frijwilligers wie it mear as taalles allinne. "We gingen na die tijd ook wel tafeltennissen en men kon er ook sporten. Voor veel vluchtelingen was het fijn om even het WTC uit te zijn, even ontspannen en de zinnen verzetten", seit ien fan de frijwilligers.
Ien fan learlingen komt út Syrië. Hy fertelt dat de Edisonstrjitte foar him echt as in thús fielde. "Ik vind de mensen en vrijwilligers in Leeuwarden heel aardige mensen. Het voelt als mijn familie. Ik probeer Nederlands te leren. Hartelijk bedankt voor al deze mensen."
Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by it ôfskiedsfeest yn Ljouwert
De taallessen hâlde nei alle gedachten net hielendal op, mar krije in ferfolch as de nije opfang yn Heliconstate iepenet. Hoe krekt, dat is noch net bekend.