Deputearre Friso Douwstra oer troanrede: "It erkennen fan problemen is de earste stap"

Deputearre Friso Douwstra © Omrop Fryslân
Deputearre Friso Douwstra is bliid dat der no lang om let maatregels naam wurde om de problemen mei de hege enerzjyrekken op te lossen. Dochs hat hy ek krityk: "It hie al folle earder moatten. Punt út."
Douwstra is bliid dat de soargen fan de mienskip ûnderkend wurdt. "Dêrmei begjinne, is neffens ús de iepening fan it petear om fan dêrút oplossingen te finen, mar dan moatte je de pine wol earst adressearje."
Friso Douwstra reagearret op de troanrede
"It is de taak tsjinstber te wêzen oan de mienskip. De oerheid bestiet net, dat binne we allegear", seit Douwstra suver filosofysk. "As je yn de mienskip sjogge dat it net goed giet, dan moatte je it adressearje."

Noed oer it MKB

Douwstra wit noch net oft it MKB út de fuotten kin mei de oankundige maatregels. "De enerzjyprizen geane troch it dak hinne, it sykjen nei minsken om it wurk te dwaan is dreech en as je dan ek noch hearre dat it minimumlean omheech giet, is it in útdaging foar ús ûndernimmers, ek foar Fryslân."
"De middenstanner kin it gehak net trije euro djoerder meitsje, dat kin gewoan net. En dan is der in minister dy't seit dat je op 120 graden ek wol in bôle bakke kinne. Efkes serieus: dat kin gewoan net."

Avesearje

Moandeitejûn is der oant let ûnderhannele oer in priisplafond foar enerzjy. "Ik bin hiel nijsgjirrich wat de útwurking dêrfan is", seit Douwstra. Hy sjocht it as in moaie earste stap om minsken temjitte te kommen.
Douwstra hat wol ûnfrede oer it feit dat dizze maatregel no pas ta stân kaam is. "Wy fine dat dy kar al moannen werom naam wurde moast. Doe hienen we it al oplosse moatten, mar dy tiid hat no west. We hawwe de taak om fan hjoed ôf it bêste te dwaan: dus avesearje."