Marrit Jasper yn definitive Oranje-seleksje foar WK follybal

Marrit Jasper © Orange Pictures
Marrit Jasper fan Snits is troch bûnscoach Avital Selinger selektearre foar it WK follybal foar froulju. It toernoai set freed útein yn Arnhem.
Yn totaal binne der fjirtjin froulju selektearre foar it WK. Jasper is ien fan de fiif 'passer/lopers' yn it team fan Selinger.
Jasper, dy't ûnder kontrakt stiet by it Frânske Nantes, is mei 165 ynterlâns ien fan de rûtiniers yn de seleksje.
Oranje begjint freedtejûn om 20.00 oere mei de earste groepswedstriid. Kenia is dan de tsjinstanner.