MKB Noord: 'Kompensaasje nedich, want oars folgje falliseminten'

Foarsitter Joyce Walstra fan MKB Noord © Omrop Fryslân
As der gjin finansjele kompensaasje komt foar it MKB falle der in soad bedriuwen om, tinkt foarsitter Joyce Walstra fan MKB Noord. Net allinnich troch de hegere enerzjyrekkens, mar ek troch in ferheging fan it minimumlean.
Walstra sjocht de problemen fan it midden- en lytsbedriuw tanimmen. As Nederlân op deselde wize trochset, soe it har net fernuverje as der in resesje folget.

Glêstúnbou en bakkers

"Ik denk dat we voor een aantal categorieën ondernemers wel moeten vrezen of ze 2023 wel goed zullen halen", jout sy oan. Har soargen lizze benammen by de glêstúnbou en de bakkers.
Bakkerijen frette enerzjy © ANP
Walstra: "Dat zijn energie-intensieve sectoren, waar de energieprijzen op dit moment zo oplopen dat ze het niet meer aan kunnen. Bovendien lopen de graanprijzen op, en een brood kun je niet op de helft van de temperatuur net zo lekker bakken."

Minimumlean

Nei alle gedachten makket it kabinet bekend it minimumlean takom jier yn ien kear mei tsien persint te ferheegjen. Dat is flugger as yn 't earstoan de bedoeling wie, want it soe yn trije stappen fan 2,5 persint barre.
Der is lang aksjefierd foar in heger minimumlean © ANP
Wurkjouwers hawwe soargen oer de plannen. Yn de winkelbrâns wurket bygelyks in soad personiel tsjin it minimumlean. Winkels soene mei de ferheging te krijen hawwe mei 15 oant 25 persint hegere personielskosten, skat de brâns yn.
Dat tinkt ek Ankie Horjus fan Ljouwert. Sy is finansjeel coach en komt by in soad bedriuwen. Dêr wurdt se ynhierd om meiwurkers te helpen by it beteljen fan de rekkens. "Dat moat al betelle wurde troch de bedriuwen. Ik bin bang dat der ûntslachrondes komme en minsken sa djip yn de problemen reitsje."
Om minsken yn 'e mjitte te kommen en hege enerzjyrekkens foar te kommen wurdt no tocht oer in priisplafond. Horjus tinkt dat sa'n maatregels mar in bytsje helpt: "Guon ha al problemen as sy 20 euro mear betelje moatte. Dus it sil grif wat helpe mar foar in soad ek net."

Ferhierproblemen

Mar ek fêstgoedûndernimmers komme yn de problemen, seit Walstra. MKB Noord is benei kaam troch in fêstgoedûndernimmer, dy't pannen ferhiert oan ûndernimmers yn it MKB. "Hij is in coronatijd goed geweest voor ondernemers: hij bewoog mee met de huren en zorgde ervoor dat de ondernemers door konden in die ingewikkelde periode."
Mar no ûntstiet der in nij probleem. "Hij wordt nu geconfronteerd met een hoge energieberekening. Als hij die doorbelast, vallen zijn ondernemers om. Als hij die niet doorbelast, valt hij zelf om. Dat is een duivels dilemma."
Foarsitter Joyce Walstra fan MKB Noord
MKB Noord lobbyt tiisdei yn Den Haag foar mear stipe. "We hopen nog enige invloed uit te kunnen oefenen op de politieke beschouwingen. De troonrede zal er liggen, dat kunnen we niet meer beïnvloeden. Maar dit is onze eerstvolgende inzet."

Dit wol MKB Noord

MKB Noord pleitet foar in oantal maatregels. De enerzjybelesting soe omleech moatte en ûndernimmers soene útstel krije moatte kinne foar it beteljen. Fierder soe de ODE-belesting (Opslag duurzame energie- en klimaattransitie) rapper skrast wurde moatte.
As lêste fynt MKB Noord dat ûndernimmers kompensaasje krije moatte foar de hegere salarissen dy't se betelje moatte. "Die compensatie zou een tegemoetkoming moeten zijn zoals we dat ook in coronatijd hebben gezien", seit Walstra.

Drege tiid yn 'e mjitte

Horjus tinkt dat der hiel drege jierren oan sitte te kommen: "As it sa trochgiet komt der in swiere ekonomyske krisis. Minsken dy't de rekkens net betelje kinne en dan ek neat mear keapje kinne. Dêr sille in soad minsken bot lêst fan krije. Ik wit ek net wat in oplossing is."
As finansjeel coach helpt sy hjoed-de-dei in soad minsken mei midden- en hegere ynkommens."Dat komt benammen troch dy hegere enerzjykosten. Minsken dy't earst in 150-200 euro betellen en no in 1.000 euro. Wa hat dat eltse moannen oer?"
Se tinkt dat in soad minsken ûnderskatte wat har te wachtsjen stiet: "Eltsenien moat echt oan de slach om te sjen wer't se op besparje kinne. Wêr kinne sy minder útjaan om dan aanst dochs de rekkens betelje te kinnen."
MKB Noord: 'Kompensaasje nedich, want oars folgje falliseminten'