Femke Wiersma: "BBB wol graach Deputearre Steaten yn"

Femke Wiersma fan de BoerBurgerBeweging © Omrop Fryslân
De BoerBurgerBeweging hat grutte ambysjes yn de Fryske polityk. Femke Wiersma fan Holwert sei dat sneintemoarn yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.
De BBB is op dit stuit de grutste partij yn de pelingen foar de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. Wiersma hopet dan ek dat se nei de ferkiezingen yn maart 2023 yn de koälysje komme.
Dat minsken ús populistysk neame fyn ik eins wol moai. It is in geuzenamme fyn ik.
Femke Wiersma, foaroanfrou BBB
Wiersma woe noch net sizze oft sy listlûker wurdt fan de partij. Yn de kuiergongen wurdt dat lûd wol heard mar offisjeel hat de BBB noch net in list nei bûten brocht.
Neffens Wiersma is de BBB populêr omt de partij njonken de boarger stiet en goed harket nei wat der libbet yn de maatskippij. "Der binne minsken dy't ús in populistyske partij fine. Dat fyn ik eins wol in geuzennamme want populistysk betsjut datst neist de minsken stiest. En dat is krekt wat wy wolle."
Harry van der Molen, Femke Wiersma en Jouke Douwe de Vries © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Yn it partijprogramma fan de BBB stiet in langjierrich plattelânsbelied op nûmer ien. "Dan moatst tinke oan foarsjenningen yn de doarpen dy't beholden bliuwe moatte of miskien werom komme moatte. En foar wentebou tinke wy foaral oan ynbreiding. Dus yn de doarpen leechsteande gebouwen brûke om dêr wenningen yn te meitsjen. Brûk de romte dy't der al is."

Wenningplan minister de Jonge

Oer it plan fan minister Hugo de Jonge om de helte fan alle wenningen dy't te hier of te keap binne, te reservearjen foar ynwenners fan de eigen gemeente is Wiersma posityf. Se sjocht noch wol wat problemen yn de útfiering. In fraachstik is bygelyks wa't dan wol op de frije merk ferkeapje mei en wa net.
Harry van der Molen © Omrop Fryslân
Ek de oare foarumleden - Harry van der Molen (Twadde Keamerlid foar it CDA) en Jouke Douwe de Vries (wethâlder foar S!N yn Noardeast-Fryslân) - wiene posityf oer dit plan omdat it neffens van der Molen in geunstich effekt ha sil op de mienskip en omdat jongeren dan wer mear kânsen krije op de wenningmerk.
De need is heech en de oerheid moat no mei in oplossing komme. Dat kin net wachtsje oant jannewaris want dat is te let.
Jouke Douwe de Vries, wethâlder Noardeast-Fryslân
In grut part fan de diskusje gie oer de enerzjykrisis dêr't de trije foarumleden mekoar goed fine koene. "De need is heech en de oerheid moat no mei in oplossing komme. Dat kin net wachtsje oant jannewaris want dat is te let", sa sei wethâlder Jouke Douwe de Vries. Hy fertelde dat wenningkorporaasjes yn syn gemeente yn twa moanne tiid in ferheging fan 30 prosint sjogge fan minsken dy't de hier net mear betelje kinne.

Priisplafond foar enerzjy

In priisplafond foar enerzjy soe neffens de foarumleden in maatregel wêze dy't foar in soad minsken seadden oan 'e dyk sette kin, mar Harry van der Molen wiisde der op dat dat net sa maklik te regeljen is yn ús lân mei 44 enerzjybedriuwen dy't allegear har eigen tariven hawwe.
Jouke Douwe de Vries fan S!N © Omrop Fryslân
In oare saak dêr't de trije foarumleden it oer iens wiene wiene de winsten fan de enerzjybedriuwen. Harry van der Molen: "De enerzjybedriuwen dy't no grouwe winsten meitsje moatte in part dêrfan werom jaan oan de gewoane boarger. Ik hoopje dat sa'n regeling yn de miljoenenota opnommen is."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.