Henk de Jong neamt skiedsrjochter 'slappe lul': "Dat spyt my net"

© Orange Pictures
Henk de Jong lûkt syn wurden yn de rjochting fan skiedsrjochter Sander van der Eijk net yn. De trainer fan SC Cambuur neamde de arbiter 'slappe lul' nei't er in penalty jûn hie foar RKC Waalwijk yn de wedstriid tsjin syn klup (5-1).
De Jong krige dêrfoar in reade kaart fan Van der Eijk. "Ik stean efter myn wurden. Ik haw it ek sein, dus ik kin no wol sizze it spyt my, mar it spyt my net", sei De Jong nei ôfrin fan de wedstriid.

Tsjinhâlde

De Ljouwerters stienen al nei acht minuten mei tsien man troch in reade kaart foar Mees Hoedemakers. "Mar ek mei tsien tsjin alve hiene we goeie kânsen om hjir yn elk gefal in punt wei te heljen", seit De Jong.
Nei de reade kaart foar Alex Bangura wie it lykwols klear. Al hold Cambuur it noch wol oant de 77e minút fol. "Tsjinhâlde. Kompakt spylje. As we ballen hawwe safier mooglik yn de hoeken sjitte. Dat we dêr even rêst krije. Dat dienen de jonges knap."
Henk de Jong nei RKC Waalwijk - SC Cambuur
In eigen goal fan Marco Tol die Cambuur úteinlik de das om. "As dy goals der sa ûnnoazel ynfleane. Sa ûngelokkich. Dan brekt der ek wat", seit De Jong. "Sjoch dan moatst noch 15 minuten troch. Dan wurdt it lestich, mar dat is fuotbal."

'Kloategefoel'

De Jong hâldt in kloategefoel oer oan de wedstriid, sa seit er. "Ja, skande. We hawwe ússels wer fierstente koart dien. We starten goed. Ek mei tsien man hienen we it goed foarinoar. Mei tsien man kinst hjir gewoan in punt helje."
Oer de skorsingen fan Hoedemakers en Bangura tinkt de trainer no noch net nei. "Dêr prakkesearje ik nije wike wol oer. Dêr haw ik no noch gjin lêst fan. It giet my der no om dat we foar de safolste kear dochs punten lizze litte troch wat we sels dogge. Dat is eins wol skande."

"Terechte rode kaart"

Ferdigener Alex Bangura krige dus, lykas middenfjilder Mees Hoedemakers en trainer Henk de Jong, al yn de earste helte in reade kaart. Dat wie terjochte, seit hy nei ôfrin: "Het was niet zo slim. Uiteindelijk kom ik te laat in een duel, zonder intentie om hem te raken. Ik raak hem net boven z'n enkel. Gewoon een terechte rode kaart."
Alex Bangura nei RKC Waalwijk - SC Cambuur
Dochs wie it net de bedoeling fan Bangura om in oertrêding te meitsjen. "Natuurlijk doe ik dat niet met opzet. Daar baal ik van. Zoiets kun je veel slimmer oplossen. Ja, het is zonde dat hij hem daar geeft, maar wel gewoon terecht."

Bangura grutsk op ploech

Krige Cambuur de reade kaarten om't der miskien wol spanning op de ploech stiet nei de matige start fan it seizoen? "Nee, totaal niet. Ik vind zelfs dat voordat Mees een rode kaart krijgt dat we hartstikke goed beginnen. Het zijn gewoon momenten die gebeuren. Nee, hoogspanning dat was het niet. Zeker niet."
Dochs sjocht Bangura, dy't it duel as oanfierder begûn, lytse ljochtpuntsjes foar syn ploech. "Tot de 77e minuut hebben we met heel veel passie en strijd verdedigd. Ze doen het hartstikke goed met negen man. Dan weet je dat je aanvallend bijna niks meer kan brengen. Maar ik kan zeggen dat ik echt hartstikke trots ben op hoe ze het hebben gedaan in de tweede helft."
Bangura is benaud dat hy de kommende wedstriden fan Cambuur misse moat mei in skorsing: "Ik zou echt niet weten hoeveel wedstrijden schorsing ik zou kunnen krijgen. Voor Mees geldt dat ook. We weten het niet. We hebben genoeg andere jongens die onze plek ook kunnen invullen, maar het is wel zonde dat we er beide niet zijn."