Trije kear read en in eigen goal dogge Cambuur de das om yn Waalwijk

Joao Virginia © Orange Pictures
SC Cambuur hat de kompetysjewedstriid op besite by RKC Waalwijk ferlern. Yn it Mandemakers Stadion waard it 5-1. De Ljouwerters krigen mar leafst trije kear in reade kaart.
By Cambuur stie spits Tom Boere foar it earst sûnt 190 dagen wer ris yn de basis om't Roberts Uldrikis earder dizze wikke blessearre rekke op de training.
Opstelling SC Cambuur: Virgínia; Van Wermeskerken, Tol, Bergsma, Bangura; Hoedemakers, Paulissen, Jacobs; Van der Water, Uldrikis, Mambimbi.
Noch foardat beide teams in echte kâns krigen moast Cambuur al fierder mei tsien man. Mees Hoedemakers kaam mei in útstutsen skonk fierstente hurd yn op Julen Lobete. Dêrfoar krige er al binnen acht minuten in reade kaart fan skiedsrjochter Sander van der Eijk. Nea earder krigen de Ljouwerters yn de earedivyzje sa betiid in reade kaart.

Jacobs fan de nul ôf

Dochs is it Cambuur dat yn de santjinde minút op foarsprong komt. Jamie Jacobs krige de bal, nei in foarset fan Alex Bangura op Boere, foar syn fuotten en skeat raak. Dêrmei kaam der nei fyftjin miste sjitkânsen dit seizoen in ein oan de drûchte fan Jacobs.
Dyselde Jacobs feroarsake nei in lyts healoere in penalty. Jacobs krige de bal tsjin syn hân oansketten yn it strafskopgebiet. De skiedsrjochter joech yn earste ynstânsje gjin strafskop, mar waard troch de VAR nei it skerm roppen. De bylden oertsjûgen Van der Eijk dochs ta it jaan fan in penalty en in giele kaart foar Jacobs.
Trainer Henk de Jong koe him dúdlik net fine yn dy beslissing. De Jong helle ferhaal by de skiedsrjochter. Dêrby hat er skynber wat sein dat neffens Van der Eijk genôch wie foar in reade kaart. De Jong moast it restant fan de wedstriid fan de tribune ôf sjen. Fan dêr ôf seach er dat Michiel Kramer net faalde fan alve meter ôf: 1-1.
Henk de Jong krijt read fan skiedsrjochter Sander van der Eijk © Orange Pictures

Smoarge oertrêding

Bangura brocht Cambuur flak foar it skoft yn in noch dregere posysje. De ferdigener begie ek mei in útstutsen skonk in smoarge oertrêding op Julian Lelieveld. Skiedsrjochter Van der Eijk hie dat yn earste ynstânsje net sjoen, mar nei in VAR-yngreep joech er de tredde reade kaart foar Cambuur.
Nei it skoft wie it ienrjochtingsferkear nei de goal fan João Virgínia. De Portugees, dy't de lêste wiken sa út en troch flaters makke, keepte in goede wedstriid. Sa pakte er yn de 56e minút in skot fan Iliass Bel Hassani en fiif minuten letter hold er syn doel skin mei in kateftige refleks op in skot fan Zakaria Bakkali.

Ek dat noch

De hoop op in punt groeide hieltyd mear foar de Ljouwerters, mar yn de 77e minút kaam RKC dan dochs op foarsprong troch in eigen doelpunt fan Marco Tol. De ferdigener wurke in bal yn de 'sechtjin' ûngelokkich efter Virgínia.
Yn de 82e minút waard it 3-1 foar de thúsploech. In foarset fan ynfaller Bakkali kaam fia de binnenkant fan de peal yn it doel telâne. It waard 4-1 troch in ôfstânsskot fan Bel Hassani. Kramer makke yn de 89e minút noch syn twadde fan de jûn en bepaalde dêrmei de einstân op 5-1.
Troch de nederlaach stiet Cambuur no mei fjouwer punten út sân wedstriden op it fyftjinde plak yn de earedivyzje.