Henk de Jong feroaret opstelling Cambuur op fjouwer plakken

Tom Boere op de training fan SC Cambuur © Dijks Fotografie
Remco Balk liket it grutste slachtoffer te wêzen by SC Cambuur nei de nederlaach fan ferline wike tsjin FC Groningen. Hy sit sneon op de bank as de Ljouwerters op besite geane by RKC Waalwijk.
Felix Mambimbi spilet sneon op it plak fan Balk. It is in nije tsjinfaller foar de oanfaller, dy't ferline wike al nei 28 minuten wiksele waard. Hy hie al in giele kaart. Trainer Henk de Jong woe gjin risiko nimme op nóch in giele kaart en helle him derút. Nei ôfrin sei Balk foar ús kamera dat er him foar skut set fielde.
Moandei hat De Jong de wiksel útlein oan Balk en neffens de coach is it no allegear wer klear. "Balkie is in fantastysk fintsje, it is in 'doerak' earste klasse. Mar hy moat net eltse earste helte in giele kaart ha, want by de tsjinpartij binne der ek fan dy aparten en dy sykje him op. Dat ha ik him ek útlein."
De Drachtster hopet dat Balk hjirfan leart en dat er minder faak giel pakke sil. "Der is neat mis mei it mantsje, hy is sa ûndogensk binnen it fjild. Hy moat allinnich in bytsje binnen de perken bliuwe, sadat we net alle kearen Russysk rûlette spylje", beslút De Jong.
Remco Balk krijt giel yn de wedstriid tsjin de Grinzers © Orange Pictures
It basisplak foar Mambimbi te'n koste fan Balk is ien fan de fjouwer wiksels dy't trainer De Jong tapast yn syn opstelling. Dêrneist ûntbrekt spits en oanfierder Roberts Uldrikis. De spits is dizze wike blessearre rekke op de training en moat it duel mei RKC Waalwijk oan him foarby gean litte.

Boere ferfangt Uldrikis

Yn de spits is Tom Boere Uldrikis syn ferfanger, fertelt De Jong. "It is efkes ôfwachtsjen hoe slim syn blessuere is. Dêr moatte we goed om tinke. By Tom Boere sjochst de lêste trije wiken in opgeande line. It wie krekt as hie er dêrfoar wat ûnder de lea. Alles komt op syn tiid, dus hy is der klear foar."
Uldrikis is net de iennige spiler dy't net ynsetber is foar De Jong. Ek Robin Maulun is blessearre en docht net mei. Dêr stiet tsjinoer dat Léon Bergsma wol wer ynset wurde kin. Datselde jildt foar Jamie Jacobs, dy't werom komt fan in skorsing. Bergsma en Jacobs spylje yn it plak fan Floris Smand en Daniël van Kaam.
Henk de Jong luts de frije dei fan de spilers yn nei de wedstriid tsjin Grins
De nederlaach tsjin de Grinzers fan ferline wike wie foar de Ljouwerters in flinke tebeksetter. Hielendal om't Cambuur net folle minder wie. Troch in flater fan Marco Tol rûn it wol tsjin in tsjingoal en dus in ferlies oan.
Dêrop naam De Jong maatregels en luts er de frije dei fan de spilers yn, dy't se moandei oars hawwe soenen. "Snein nei de wedstriid wie ik net tefreden. Doe sei ik: 'Morgen om tien uur gaan we trainen en beelden bekijken.' Doe bin ik der gau útrûn, want ik hoegde dy koppen net te sjen", gniist De Jong.
Hy is bliid mei de reaksje dy't de spilers dy moandeis joegen. Se leine neffens de trainer de finger op it seare plak. En: "Dy jonges krije dy dei wol werom, dêr giet it net om."
SC Cambuur sil sneontejûn om 20.00 oere op besite by RKC Waalwijk. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It ekstra sportprogramma begjint om 19.45 oere. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út Waalwijk wei.