Fûgelgryp fêststeld yn Tsjerkgaast: 87.000 piken wurde deamakke

In ferfiersferbod foar fûgels by Eagmaryp, fanwegen de fûgelgryp (argyf) © Omrop Fryslân, Sian Wierda
By in fleispikebedriuw yn Tsjerkgaast is fûgelgryp fêststeld. De 87.000 bisten op it bedriuw wurde deamakke om fersprieding foar te kommen.
Dat meldt de Ryksoerheid. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) sil de piken romje.
It giet nei alle gedachten om de 'hoogpathogene' fariant. Dat is in tige besmetlike fariant fan it firus. Dêrby is it stjertepersintaazje hiel heech.
Yn de sône fan 1 en 3 kilometer om it bedriuw lizze gjin oare plomfeebedriuwen. Yn in sône fan tsien kilomer om it bedriuw lizze twa plomfeebdriuwen. Foar dizze bedriuwen jildt fan no ôf in ferfiersferbod.

Mear as miljoen fûgels ôfmakke

Nei't yn oktober 2020 de fûgelgryp útbruts yn Nederlân, is it firus no alve kear op in Frysk bedriuw fêststeld. Dêrby binne al mear as in miljoen fûgels ôfmakke, foar it grutste part fleispiken.
It Ryk stelde op 22 oktober 2020 in ophokplicht foar kommersjele plomfeebedriuwen yn. Oanlieding wie dat by twa deade knobbelswannen yn de provinsje Utrecht fûgelgryp fêststeld waard.
Nettsjinsteande dy ophokplicht is sûnt dy tiid op tsientallen bedriuwen yn Nederlân ek de fûgelgryp fêststeld, wêrnei't faak tsien- oant hûnderttûzenen fûgels ôfmakke waarden.
De eksakte lokaasjes fan de bedriuwen binne op ûndersteande kaart net werjûn.