Lêste Fries yn Oranje Jelle ten Rouwelaar: "Ik tink dat Noppert ôffalt"

Andries Noppert © Orange Pictures
Jouster doelman Jelle ten Rouwelaar is de lêste Fries dy't oproppen waard foar Oranje. En no, alve en in heal jier letter, kin doelman Andries Noppert syn opfolger wurde. "Dit is in hiel moai sinjaal."
Jelle ten Rouwelaar is sûnt dit seizoen keeperstrainer yn de Championship, it twadde nivo fan Ingelân, by it degradearre Burnley.
Nei syn aktive karriêre waard hy keeperstrainer by NAC Breda. Yn 2020 gie hy nei it Belgyske Anderlecht en dêr wurke hy gear mei Vincent Kompany. Nei trije seizoenen makke Kompany bekend dat hy Anderlecht ferlitte soe. Op 14 juny waard Kompany oansteld as haadcoach fan Burnley en naam hy Ten Rouwelaar mei him mei.
Jelle ten Rouwelaar as keeper fan NAC Breda © Orange Pictures
Ferslachjouwer Arjen de Boer lei oan Ten Rouwelaar foar oft Noppert kâns makket om opnommen te wurden yn de definitive seleksje fan it Nederlânsk alvetal.
Wat tochtst doe'tst heardest dat Andries Noppert yn de foarseleksje siet?
"It frjemde is: ik wie net iens sa hiel bot ferrast. Wol ast nei syn karriêre en de opbou dêrfan sjochst. Mar ast sjochst hoe't hy it lêste jier by Go Ahead Eagles en sc Hearrenfean spile hat, dan ferrast my dat net."
Oardel jier lyn wie hy net goed genôch foar FC Dordrecht en no krijt hy in telefoantsje fan Louis van Gaal.
"Hahaha, dat is fuotbal hè!"
Keeper Andries Noppert fan sc Hearrenfean © Orange Pictures
Do hast by NAC Breda syn kollega west, mar ek syn trainer. Folgesto him noch?
"Jawis, en sa no en dan hawwe wy noch wol in bytsje kontakt, lykas mei syn transfer nei Hearrenfean, dan haw ik wol efkes kontakt mei him."
Der binne in soad parallellen tusken jimme. Jimme komme beide fan De Jouwer, binne beide doelman. Do bist de lêste Fries dy't by Oranje siet en Andries wurdt miskien wol dyn opfolger.
"Dat is opmerklik omdat der net in soad Friezen safier komme. Of is it opmerklik dat der net in soad nije keepers bykomme? It is wol ûntsettend grappich dat der wer in keeper fan De Jouwer by de seleksje sit."
Hoe kin it dat se op De Jouwer sa goed keepe kinne?
"Ik soe it net witte. Gelok, tafal; ik haw der gjin ferklearring foar."
Lykas Ten Rouwelaar komt ek Noppert fan De Jouwer © Orange Pictures
Freed wurdt de definitive seleksje bekendmakke. Wat tinkst, sit Andries Noppert derby?
"Ik hoopje echt dat hy derby sit, mar ik tink it earlik sein net. Dit is foar him in sinjaal dat hy der hiel ticht tsjinoan sit."
Binne dy oaren, Bijlow, Flekken, Pasveer en Cillessen dan krekt wat fierder as Andries?
"Dat is dreech te sizzen. Mar Cillessen bygelyks hat echt yn de top spile. Dat is gewoan oars, dat is in oare wize fan keepen. Dat moatte je net ûnderskatte."
Ik hoopje net datst gelyk krijst.
"Dat hoopje ik eins sels ek!"