Brânsferiening Brune Float: 'Ungelok brûke as momint fan refleksje'

Paul van Ommen © Omrop Fryslân
It fatale gyk-ûngelok mei it skip Risico wurdt troch de brune float brûkt as momint fan refleksje. Dat seit de direkteur fan de Belangenvereniging voor beroepschartervaart (BBZ), Paul van Ommen.
"Wij trekken het ons natuurlijk enorm aan dat er iets is gebeurt bij onze schepen. We moeten een ongeval altijd gebruiken als moment van reflectie en om te kijken waar verbeteringen mogelijk zijn", seit Van Ommen.
By it ûngelok op de Risico kaam de 12-jierrige Tara út Den Haag om it libben nei't de gyk op har foel. De oarsaak dêrfan is neffens de Onderzoeksraad voor Veiligheid houtrot.

Skynwerper

It barde de ôfrûne jierren faker dat persoanen omkamen troch ûngelokken op de brune float. It is neffens de direkteur net samar dien om fuortendaliks in oplossing te finen en ûngelokken foar te kommen.
"Daar heeft iedereen zijn eigen rol in te spelen. De schippers moeten kijken waar precies de zwakheden zitten. Het ongeval moet een schijnwerper richten op wat er bij ons zwak is", seit Van Ommen.
"Tegelijkertijd speelt de overheid daar een rol in met de regels die ze uitvaardigen. En ook de certificerende instanties die het schip bezoeken en daadwerkelijk vaststellen of het schip voldoet aan die regels."

Oanspraaklik

De âlders fan Tara hawwe de rederij fan de Risico oanspraaklik steld foar it ûngelok. "Dat zat erin, dat dat zou gebeuren", seit Van Ommen.
Van Ommen wit lykwols net oft it skip min ûnderholden wie. "Volgens mij staat het schip goed bekend, maar er loopt nu een onderzoek naar. Dus dat durf ik niet te zeggen."
Wol wit hy dat guon skippers al dwaande binne om harren skippen oan te passen. Sa binne der skippers dy't harren houten mêsten ferfange litte troch stielen mêsten.
Van Ommen freget him lykwols ôf oft dat de oplossing is: "Eerlijk gezegd vind ik dat eigenlijk ook jammer. Ik denk dat hout in goede handen een mooi, goed materiaal is dat past bij die traditionele schepen. Ik weet ook niet of overstappen op staal direct het probleem oplost."
Dochs moediget er skippers oan om troch te gean mei it sykjen nei mooglike oplossingen. "De opdracht aan ons allen is, in de eerste plaats aan de schippers, wat doen wij om die risico's beheersbaar te maken. En is dat voldoende? Hebben we blinde vlekken? Dat gaat continu door en dat stopt nooit."