Stikstofreduksje komt garnalefiskers oer it mad: "Ik wurd twongen om op te hâlden"

De garnalekotter LO5 fan Jan de Vries © Jan de Vries
Nei boeren hawwe no garnalefiskers ek te krijen mei stikstofmaatregels. Guon meie fan 1 jannewaris ôf minder fiskje. Dat kin oprinne oant oer de tachtich prosint ferplichte reduksje stikstofútstjit. Der wurdt al langere tiid praat oer ferleging fan de stikstofútstjit, mar dizze konkrete maatregel falt de sektor dochs rau op it dak.
De stikstofreduksjes jilde foar fiskers dy't yn 2021 te ticht by Natura 2000-gebieten fiske hawwe. De fiskers moatte om de pear jier in nije fergunning foar de Wet Natuerbeskerming oanfreegje. De fergunning fan no rint op 31 desimber dit jier ôf.
It Nederlânsk Fiskersbûn regelet de nije fergunnings en hat dêrfoar tastimming frege oan de fiskers foar it brûken fan de lokaasjegegevens fan it AIS-navigaasjesysteem, fêstlein yn it jier 2021. It bûn hat der neffens de fiskers net by sein dat dêr direkt stikstofrestrikjes achterwei komme koene.

"Mei de rêch tsjin de muorre"

"Oant no ta mochten wy altyd fiskje yn dy gebieten", seit Jan de Vries fan Dokkumer Nije Silen mei as fêste haven Lauwerseach. Hy moat mei syn ienmanskotterke 66% stikstofútstjit redusearje. Ynvestearje sit der net yn, want de bank sjocht gjin takomst yn syn bedriuw.
"Dan skrikke jo wol even. It komt derop del dat ik ophâlde moat. Ik stean mei de rêch tsjin de muorre."
Jan de Vries © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De Vries soe te ticht by de dunen fan Skiermûntseach fiske hawwe. Hy wist ferline jier net watfoar gefolgen oft dat hawwe soe.
"De rappe fearboaten stowe ús withoe faak foarby. Sy hoege neat te redusearjen. By noardewyn waait de stikstof fan de kontenerskippen sa nei de eilannen ta. En ik moat wol redusearje. It is absurd."
De troffen fiskers hawwe oant 1 jannewaris de tiid om in katalysator of nije motor oan te skaffen, mei subsydzje. De oanfraachmooglikheid dêrfoar is noch net iepensteld.

'Kapitaalferneatiging'

Monte Schregardus út Dokkum leit mei syn kotter ek op Lauwerseach. Trije jier ferlyn hat er in nije motor yn syn skip sette litten. Dy foldie doe oan de emisje-easken. Hy moat der net oan tinke dat er no wer "ûnnedich ynvestearje moat. Dat soe kapitaalferneatiging wêze."
Wy falle net mear ûnder besteand gebrûk en dat is hiel krom.
Monte Schregardus, WL8
"Yn dizze hiele stikstofdiskusje binne der meardere brûkers fan de see. Wy as fiskerij moatte ynvestearje en de oare brûkers hoege dat net. De fiskerij moat foar 2023 in fergunning foar de natuerbeskermingswet hawwe en falt dan net mear ûnder 'besteand gebrûk'. Dat fyn ik hiel krom."
"Op 1 jannewaris de saken op oarder hawwe slagget net. In soad dingen binne noch ûnwis. Fjochtsje dan op syn minst foar in oergongsregeling."

85% reduksje

Foar Johan Seepma fan Easternijtsjerk bliuwe der net folle mooglikheden mear oer om te fiskjen. Hy moat 85% redusearje omdat er yn 2021 yn gebieten west hat dêr't er doe net fan wist dat er dêr net komme mocht.
Johan Seepma yn de stjoerhut fan de OL 5 © Johan Seepma
Syn beswier is ek dat de fiskerij by de oanfraach fan de nije fergunning net mear ûnder 'besteand gebrûk' falt, "wylst de fiskerij der al hiel lang is. Fearboaten, plezierfeart, ûnderhâldsskippen foar de wynmûneparken en frachtferfier mei motoaren dy't stikstof útstjitte falle der allegearre wol ûnder."
Gjin takomst mear foar dizze garnalekotter yn de haven fan Lauwerseach © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
De fiskers lûke de gegevens fan wêr't se yn 2021 fiske hawwe yn twivel: de lokaasjetrackers soene net betrouber wêze.

AIS útset: wol boete, gjin stikstofreduksje

De fiskers kinne de AIS útsette en guon hawwe dêr in boete foar krige. Gefolch is dat der sûnder lokaasjegegevens ek gjin stikstofreduksjes oplein wurde kinne.
Jan de Vries kin dêr net oer út: "Dejingen dy't de AIS útset hawwe en dêrfoar bekeurd binne, krije gjin stikstofreduksje. Ik haw him altyd oan te stean en foar my is it einde ferhaal. Dy oaren kinne takom jier gewoan trochfiskje."
De haven fan Lauwerseach © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Der binne mear folchsystemen oan board, ek guon dy't net útset wurde kinne, lykas de blackbox. Ut kontrôlegegevens fan de NWVA docht bliken dat net alle blackbox-systemen goed funksjonearje. Der wurdt wurke oan in nije ferzje.

'Maatregel útstelle'

Professor Han Lindeboom, earder fan de universiteit fan Wageningen, hâldt him op it stuit ek dwaande mei de garnalefiskerij en stikstofútstjit. Dy is neffens him sa leech ("die paar moleculen") dat de fiskers gewoan trochgean kinne. "Stel de maatregel uit." Se moatte oer tsien of fyftjin jier wol oergien wêze op net-fossile brânstof. Dan lost it probleem him fansels op.
Lindeboom is foar in oanpak rjochte op in spesifyk gebiet en net foar in hiel gebiet, lykas it Waadgebiet, De provinsje is it dêrmei iens.
Garnalekotter fart moarns de haven fan Lauwerseach út © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
It Nederlânsk Fiskersbûn jout oan dat kustfiskers like lilk binne as boeren, mar it bûn móát wol in nije fergunning regelje foar de fiskers. As it bûn dat net docht, dan binne de fergunningen ynkoarten yn alle gefallen net mear jildich.
Boppedat hienen fiskers dit oankommen sjen kinnen, neffens it bûn, want der binne ek guon dy't de saken wol op oarder hawwe. Gjinien kin him dus oerfallen fiele, stiet yn in reaksje fan it Fiskersbûn.
It bûn jout freedtemiddei op in ynformaasjegearkomste op Lauwerseach útlis oer de tastânkomming fan de stikstofberekkening.