HEA! In nije rige: de twilling Van Kammen

HEA! De twaling Van Kammen
In nije rige by HEA! Mathijs en Stefan van Kammen út Easternijtsjerk binne in ienaaiïge twilling fan 12 jier en dogge werklik wier alles tegearre. Hjoed binne se oan it wurk op de buorkerij.
Se helpe boer Jelle Holwerda tried te spannen yn it lân, der moatte pealtsjes delset wurde en de tún moat noch meand. Se fine it moai dat se twilling binne, want se ha altyd in freontsje om mei te boartsjen of kinne elkoar helpe. Se binne dan ek in echt team.