Land van Ons wol Wynjewâldster lân keapje en stikstofdelslach flink werombringe

It lân by Wynjewâld © Land van Ons
De lanlike boargerkoöperaasje Land van Ons wol grûn oerkeapje fan in boer yn Wynjewâld. It lân wurdt ynrjochte foar mear bioferskaat en der sil natuerynklusiver buorke wurde, om de stikstofdelslach werom te bringen.
It giet om in gebiet fan sa'n 35 bunder, dat no noch fan de maatskip Rozema-Kist is. Boer Geert Rozema hat gjin opfolger en dêrtroch soe de kâns grut wêze dat it bedriuw by ferkeap fersnipele wurde soe.
It melk- en plomfeebedriuw leit midden tusken natuergebieten, oan de râne fan Fryslân. It giet om kwetsbere gebieten, lykas de Duerswâldmer Heide, it Weinterper Skar en de Stokersdobbe.

Stikstofdelslach mei mear as de helte werom

De bedoeling is dat it bedriuw ophâldt mei plomfee en dat it gruttere oantal melkkij ferfongen wurdt troch minder en lytsere kij. Dêrmei hopet Land van Ons de stikstofdelslach mei sa'n 60 persint werom te bringen.
By de Duerswâldmer Heide © Shutterstock.com (Marc Venema)
It soe 2.900 kg ammoniak skele kinne, sa seit de koöperaasje. De koöperaasje wol ek noch yn petear mei provinsje Fryslân oer it werombringen fan stikstofdelslach.

Ikkerbou, hagen, blommen en poelen

In part fan it boerelân wurdt omset nei ikkers: de grûn is geskikt foar, nôt, boekweit, lupine en rijsied.
Frijwilligers sille dêrnjonken hagen plantsje, blommen siedzje by de rânen fan de ikkers en puollen oanlizze.

Jonge boer socht

Op it plak sil dus yn de takomst natuerynklusyf buorke wurde. Land van Ons siket noch in nije, jonge boer dy't dêrmei oan de gong wol. Boer Rozema hâldt de kommende jierren de grûn noch yn behear en docht de tariedingen foar de opfolgjende boer.
Der leit ek in opsje om oer fiif jier noch in njonkenlizzend perseel fan sa'n 10 bunder derby te keapjen. De oerdracht is pland foar novimber, mar dizze moanne kinne de 21.000 koöperaasjeleden noch beslisse oer de oankeap.
Land van Ons bestiet noch mar sûnt 2019. De koöperaasje wol it gedrach fan boargers feroarje en in nije 'ekologyske haadstruktuer' foarinoar krije op lânbougrûn. De grûn wurdt ferantwurde brûkt, sûnder pestisiden en ynbrochte dong, foar in duorsumer bioferskaat.
De koöperaasje rjochtet him op lânbougebieten: op it grutste part fan de Nederlânske grûn falt de measte winst foar it bioferskaat te beheljen, sa is de gedachte.
Land van ons hat al twa gebieten yn Fryslân: 4,3 bunder greide by De Triemen en 16,36 bunder by de Sweagermieden mei wiet fûgeltsjelân.