Nyck de Vries nei sterk F1-debút: "In een flits voorbijgegaan"

Nyck de Vries nei de race op Monza © ANP
Nyck de Vries hat as earste Nederlânske koereur by syn debút yn de Formule 1 punten pakt. Op it sirkwy fan Monza waard er njoggende yn de Williams, goed foar twa punten. "Dit had ik niet durven dromen", sei er nei ôfrin.
De Fries krige sneontemoarn te hearren dat er ynstappe mocht by Williams, omdat Albon mei in blinetermûntstekking nei it sikehûs moast.
"Het is een extreem hectisch weekend geweest", sei De Vries by NPO Radio 1. "Het was heel chaotisch. We hebben heel weinig tijd gehad, de afgelopen 24 uur zijn in een flits voorbijgegaan."
Nyck de Vries by Radio 1: "Heb het heel erg naar m'n zin gehad"
Heit Hendrik Jan de Vries wie gau nei Monza ta kaam om it Formule 1-debút fan syn soan mei te meitsjen. Hy koe syn emoasjes by de start net de baas bliuwe. "We hebben hier heel lang op gewacht", sei er, mei triennen yn 'e eagen by Viaplay. "Natuurlijk is dit te genieten. Maar Nyck komt ook om te presteren."
Dat slagge. De Vries begûn as achtste en koe him de hiele race hanthavenje yn de middenmoat. It wie in swiere race. "Niet eens veel gezweet en ook m'n hartslag was prima, maar m'n armen en schouders zijn 'gone'. Finito."
Nyck de Vries (rjochts) mei Williams-teambaas Jost Capito © ANP
De Vries is it wend om yn de Formule E syn rûntsjes te riden. Dêr duorret in race meastal in oere. "En dit was twee uur, en ook de g-krachten zijn veel hoger, dat is een groot verschil."
Ik ben heel erg blij dat ik deze kans met beide handen heb aangegrepen en kunnen laten zien wat ik waard ben.
Nyck de Vries
Hy hat wol genietsje kind fan de race. "Ik heb het heel erg naar z'n zin gehad. Ik ben heel erg blij dat ik deze kans met beide handen heb aangegrepen en kunnen laten zien wat ik waard ben."
De 27-jierrige Fries is ek tefreden oer hoe't syn race gong. "De eerste stint was goed, de eerste 15 à 20 ronden in de tweede stint ook."
Famylje en freonen fan De Vries folgen de race yn kafee De Kroon yn Snits
De Vries krige nei ôfrin de kompliminten fan de oare koereurs. "Ik ken iedereen natuurlijk goed. Met Max had ik gisteravond al een beetje contact, vanochtend ook nog. Voor de race kwam hij naar me toe om te zeggen dat het goedkomt. Die steun waardeer ik zeker."
Nei de race kaam it nijs nei bûten dat de wedstriidlieding fan de FIA in momint tusken De Vries en Zhou ûndersiket. Dat wie noch even spannend, mar De Vries kaam der mei in 'reprimande' fan ôf.
Dat wie net de iennige stipe dy't er krige. "Ik wil de fans ook bedanken, want schijnbaar ben ik ook Driver of the Day geworden. Dat is mooi meegenomen."
Wat it knappe resultaat betsjut foar De Vries syn takomstige kânsen yn de Formule 1? Hy glimket as er dy fraach krijt. "Ik denk dat ik hiermee iets goeds heb laten zien."

Teambaas Williams kryptysk

Teambaas Jost Capito fan Williams wie kryptysk oer De Vries syn kânsen. "Hy hat sjen litten wat er kin yn de Formule 1. Hy stiet op ús list, mar hy hat ek oare ferplichtingen. It is no benammen oan him, hy moat sizze wêr't syn takomst leit."