Nyck de Vries rydt yn flaterleas Formule 1-debút nei njoggende plak

Nyck de Vries © ANP
Nyck de Vries is by syn debút yn de Formule 1 njoggende wurden. Op it sirkwy fan Monza yn Italië ried de Fries in flaterleaze race.
De Vries gong as achtste fan start op it histoaryske sirkwy yn Italië, njonken Max Verstappen. De wrâldkampioen wie as in spear fuort, mar De Vries die it ek fertsjinstlik: hy behold syn achtste plak.
Yn de begjinfaze siet De Vries lang achter Alonso en Norris en flak foar Zhou. Hy moast ien plakje ferlies tastean oan Carlos Sainz. De Spanjert wie achteroan begûn fanwegen in motorwiksel, mar helle yn syn rappe Ferrari de iene nei de oare auto yn.
De Vries wie op de wat rappere, sêfte bannen begûn. Nei syn pitstop gong er nei de mediums en sakke er werom nei it fjirtjinde plak. Stadichoan wûn er wer wat plakjes, omdat in soad konkurrinten letter de pit yn gongen.
Fyftjin rûntsjes foar de ein lei De Vries sadwaande tsiende, dat soe goed wêze foar ien WK-punt. Noch hieltyd mei Zhou flak achter him bleau De Vries ferwikkele yn de striid om de punten.

Safety car

Yn rûntsje 48 fan de 53 kaam der in safety car, omdat Daniel Ricciardo syn auto yn de muorre parkearre. Dat betsjutte dat De Vries noch in plakje klom, mar ek dat de konkurrinsje efter him tichterby kaam.
De mediumbannen fan De Vries hienen it swier, mar omdat de situaasje mei de safety car sa lang duorre, hoegde De Vries mar ien rûntsje syn njoggende plak te ferdigenjen.
Dat slagge sûnder problemen en sadwaande kaam De Vries op in fertsjinstlik njoggende plak oer de streek. Dat smyt him twa WK-punten op.

Oerwinning foar Verstappen

De oerwinning yn Italië gong nei Max Verstappen. Dy wreide syn foarsprong yn de WK-stân mei de oerwinning fierder út en kin by de folgjende race, oer trije wiken yn Singapore, syn titel al prolongearje.
"Wow, wow, dankjewel!", sei Nyck de Vries fuort nei de race tsjin syn teamlieding. "Ontzettend bedankt, dit was geweldig. Punten bij m'n debuut, dankjewel! En oef, mijn schouders zijn kapot!"
De Vries waard troch de sjoggers fan de Formule 1 keazen ta 'Driver of the Day'.
Freonen en de beppe fan Nyck de Vries folgen de wedstriid yn Snits en binne tige tefreden © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Dat it njoggende plak (en de twa WK-punten) in hiele prestaasje is, mei dúdlik wêze. Oant no ta hie Williams noch mar fjouwer punten pakt dit hiele seizoen. Dy kamen allegear op it konto fan Alexander Albon, dy't no siik wie en syn plakje ôfstie oan De Vries.
Albon wie yn fyftjin wedstriden ien kear njoggende en twa kear tsiende wurden.

FIA ûndersiket momint De Vries

Nei de race kaam it nijs nei bûten dat de wedstriidlieding fan de FIA in momint tusken De Vries en Zhou ûndersiket. Dat wie noch even spannend, mar De Vries kaam der mei in 'reprimande' fan ôf.

Formula de Vries

Earder dit jier stjoerde Omrop Fryslân dizze dokumintêre út oer de dreamen fan Nyck de Vries: