De lêste limoncello fan Hans en Judith út Penjum

Hans en Judith Trappenburg © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Ytkafee De Hollandse Kus yn Penjum is al in skoft op Funda te finen. Eigeners Hans en Judith Trappenburg geane mei pensjoen. De kroech en ek de distillearderij steane te keap. Hans makket dêr ûnder oare syn ferneamde limoncello.
Al mear as 20 jier binne Hans en Judith Trappenburg de útbaters fan it ytkafee. En Hans hat neist it kafee in spesjale 'aksynsfrije' romte, dêr't er alkohol stoke mei.
Fan dy alkohol makket er in ferskaat fan likeuren, lykas de limoncello. Foar dizze Italiaanske sitroenlikeur ride minsken graach in blokje om.
Hans Trappenburg makket limoncello © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Hans Trappenburg hat in eigen draai jûn oan it Italiaanse drankje. Sa hinget er limoenen te switten boppe de alkohol. En hy docht der twa 'geheime' yngrediïnten yn. It hat goed útpakt: sels Italianen binne gek op Trappenburg syn limoncello.
Dit wurdt limoncello © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Mar Hans en Judith binne op syk nei in opfolger. De Hollandse Kus stiet alwer in skoftke te keap. De nije eigener mei de fergunning om te stoken én it spesjale resept oernimme. Dus wa wit bliuwt de limoncello yn Penjum.