Cambuur-spits Roberts Uldrikis hopet gau ein te meitsjen oan doelpuntedrûchte

Roberts Uldrikis baalt nei it missen fan in kâns © Orange Pictures
Hy stie tsjinoer Virgil van Dijk, Mats Hummels en Antonio Rüdiger. It wiene moaie ûnderfinings foar Roberts Uldrikis, mar der is no mar ien ding foar him dat telt: doelpunten skoare foar SC Cambuur.
De Ljouwerters binne de minst skoarjende ploech fan de earedivyzje. Yn fiif wedstriden makke Cambuur fjouwer doelpunten. It wiene lykwols allinnich skotten fan ôfstân en gjin útspile oanfallen. Boppedat siet der gjin goal by fan de spits en oanfierder Roberts Uldrikis.
Ta frustraasje fan him sels. "Ik doch alles wat ik kin om it team oan goals te helpen. Ik wit dat ik goeie dingen doch op it fjild, mar it iennige dat ûntbrekt binne goals. Net allinnich foar my, mar foar it hiele team", fertelt de Letske ynternasjonal foar de wedstriid tsjin FC Groningen.
Foarich jier skoarde Uldrikis sân kear yn 21 wedstriden foar Cambuur. Dêrom is it ferwachtingspatroan ûnder de supporters heech. "Ik begryp dat eltsenien derop wachtet. Ik ek", seit Uldrikis. "In spits wurdt ôfrekkene op syn goals."
Roberts Uldrikis makke noch gjin doelpunt dit seizoen
De 24-jierrige spits wol lykwols net sprekke fan in mindere perioade. "Kinst sizze dat it in mindere perioade foar my is, mar ik tink dat ik it goed doch. Ik help it team mei rinaksjes en saken dy't net opfalle yn de statistiken. Dêr bin ik bliid mei en ik ha fertrouwen dat we it better dwaan sille en mear punten helje."
Neffens Cambuur-trainer Henk de Jong is it wol ferklearber dat Uldrikis it efkes dreech hie. De Drachtster wiist dêr by op de ynterlâns dy't Uldrikis de ôfrûne twa jier spylje moast oan de ein fan it seizoen. "Hy hat eins twa wykjes fakânsje hân yn twa jier. Dat seachst in bytsje oan him."
Ik sjoch no in bytsje de Roberts weromkommen dy't spritziger wurdt.
Henk de Jong oer Roberts Uldrikis
Uldrikis spile oant no ta 36 ynterlâns foar it nasjonale alvetal fan Letlân. De lêste wie yn juny. Dêrnei hat Cambuur him wat langer fakânsje jûn, mar dêrtroch streamde er ek letter yn de tarieding yn.
Dat hat syn effekt wer hân op de spits, mar seit De Jong: "Ik sjoch no in bytsje de Roberts weromkommen dy't spritziger wurdt. Je moatte dy jonge ek net samar falle litte. Dat probearje ik him ek te fertellen."
Trainer Henk de Jong oer syn spits en oanfierder
Dizze wike hat De Jong op trainings ekstra omtinken hân foar it kreëarjen fan kânsen. Want dat der net skoard wurdt, is net allinnich de skuld fan Uldrikis. De kânsen wurde wol kreëarre, allinnich wurde se hast net ôfmakke.
De oanfierder fan de Ljouwerters tinkt dat it gau feroaret. "Ek as team hawwe we problemen mei it kreëarjen fan kânsen. Dêr ha we dizze wike in soad oan dien. Dêr moat we gau de fruchten fan plukke."
De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Groningen begjint sneintemiddei om healweis trijen yn it Cambuur Stadion. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn it programma Snein yn Fryslân. Fanút it Cambuur Stadion wei fersoarget sportferslachjouwer Andor Faber it kommentaar.
Snein hopet Uldrikis syn earste goal fan it seizoen te meitsjen yn de thúswedstriid tsjin FC Groningen. "It is in hiel belangrike wedstriid. We wolle wer op it winnende paad komme nei twa goeie, mar drege wedstriden tsjin muoilike tsjinstanners", seit er.
En stel... stel dat er in doelpunt skoart. Hoe sil hy it dan fiere? "Ik tink der net oer nei", laket Uldrikis. "It is mar krekt wat op dat momint yn je holle komt. Foar de wedstriden tsjin ús spesjale rivaal (sc Hearrenfean, red.) tink ik der oer nei, net foar oare wedstriden."