FIDEO: Tsjerketsjinst út de Ankertsjerke yn Aldegea (SWF) wei

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst mei in oekumenysk karakter út. Yn septimber komt de Ankertsjerke yn Aldegea (SWF) oan bar.
Foargonger fan de tsjinst wie Gerrit de Haan. Oargelist is Ate de Vries en der wie muzikale meiwurking fan in kombo mei Eelke Wiegersma (gitaar, sang), Wâtte Leenstra (bas), Willemijn Leenstra (perkusje) en Anna Hoekstra (saksofoon, sang).
De liturgy fan de tsjinst is hjir te finen.