Nyck de Vries doart in lyts bytsje te dreamen fan in punt: "Het is best bijzonder"

Nyck de Vries © ANP Foto
Nyck de Vries 'dreamt in lyts bytsje fan it heljen fan in punt' by syn debút yn de Formule 1. Dat sei de Fries tsjin de NOS. Op it sirkwy fan it Italiaanske Monza mei de autokoereur fan Twellingea sneintemiddei fan it achtste plak ôf starte.
Lângenoat Max Verstappen start mei P7 fan deselde startrige ôf as De Vries. It is foar it earst yn de skiednis fan de Formule 1 dat twa Nederlanners út de top tsien wei starte.
"Dat is best bijzonder", seit De Vries oer syn achtste startplak. "Ik kan niet ontkennen dat ik daar een klein beetje van moet glimlachen. Maar we moeten ons nu gewoon rustig focussen op wat er komen gaat: op de start en op de eerste ronde. En daarna onze race rustig opbouwen."

Senuwen

De Vries hearde op sneon pas oardel oere foar de lêste training dat er starte mocht yn de kwalifikaasje om't Alexander Albon in blinetermûntstekking hie. "Dan moet ik toegeven dat je wel de nodige zenuwen begint te voelen", seit De Vries.
Dat de Fryske koereur mar sa'n koarte tariedingstiid hie, hat neffens him wol soarge foar in minder resultaat. Yn syn alderlêste ronde rekke er sels fan de baan. "Dat zijn foutjes die ik wellicht niet had gemaakt als je iets meer ervaring en tijd had gehad", seit De Vries.

Twa berjochtsjes

De Vries hie noch wol krekt genôch tiid om syn omjouwing yn te ljochtsjen, mar oft se him sjoen hawwe wit er noch net. "Ik heb letterlijk twee berichtjes gestuurd: één naar m'n familie en één naar m'n vriendinnetje. Ik zei alleen 'Ik rijd in plaats van Albon'. Verder heb ik niet naar mijn telefoon kunnen kijken. Meer tijd was er ook niet geweest."
De heit fan de Fries is syn grutste fan. "Mijn vader is momenteel in Monaco in mijn appartementje. Ik denk dat ik ga proberen een pas voor hem te regelen zodat hij morgen hier naartoe kan komen. Eén probleempje: hij heeft geen auto. Daar had ik nog niet bij stilgestaan", skrikt De Vries, dy't tinkt dat dat fêst noch wol oplost wurde kin.

Dream

Om De Vries syn dream yn ferfolling gean te litten, en dus in punt te heljen, moat er yn de top tsien einigje. As er yn de punten einiget soe er de sechde Nederlanner wêze dy't dat slagget.
De race op it sirkwy fan Monza begjint snein om 15.00 oere. Fan dan ôf is Nyck de Vries de earste Fries mei in start yn de Formule 1 en de sechttjinde Nederlanner.