Liveblog | 11 septimber 2022

Dit wie it Formule 1-debút fan Nyck de Vries

Folgje yn dit liveblog it Fryske sportnijs fan dit wykein. Mei hjoed benammen omtinken foar Nyck de Vries syn debút yn de Formule 1. De race op it sirkwy fan Monza is om 15.00 oere begûn.

Dit blog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 11 septimber 2022, 16:27
snein 11 septimber 2022
16:25

De Vries njoggende!

De safety car giet net fuort en dat betsjut dat Nyck de Vries yn syn Formule 1-debút njoggende wurdt!
16:18

Safety car noch net fuort

De situaasje mei de safety car duorret lang, it slagget de stewards op Monza net om de auto fan Ricciardo fuort te heljen. Dat is posityf foar De Vries, want hy leit noch hieltyd njoggende.
16:15

Safety car

No goed oplette. Der is in safety car en in soad riders geane dêrom de pit yn foar nije bannen. De Vries bliuwt yn de baan en besiket de race op syn mediums út te riden.
16:12

De Vries njoggende!

Dit begjint der hieltyd better út te sjen foar De Vries. Hy nimt ôfstân fan Zhou, mar noch wichtiger: hy klimt sels in plakje! Daniel Ricciardo hat syn auto yn de muorre parkearre en falt út.
Mei noch fiif rûntsjes te gean leit De Vries njoggende.
16:07

Minder as tsien rûntsjes

De regy yn Italië hat ek in soad omtinken foar De Vries en syn striid tsjin Zhou. Mei noch minder as tsien rûntsjes te gean slagget it de Fries noch hieltyd om de Sinees achter him te hâlden.
Nyck de Vries © ANP
16:01

Ferdigenje

Zhou sit De Vries no echt op 'e hakken. De Sinees is rapper, foar De Vries is it benammen ferdigenjen op it stuit.