Proef mei apparaat foar ammoniakreduksje yn stâl: is de dong geskikt foar de grûn?

Ellen Schmeitz fan it bedriuw Lely út Maassluis © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Technyske oplossingen foar it stikstofprobleem yn de lânbou lizze flink ûnder fjoer. Dizze wike ferbea de Ried fan Steat noch twa typen stâlflieren wêrfan't claimd wurdt dat dizze troch skieding fan stront en jarre de stikstofútstjit werombringe. De rjochter seit dat dit net bewiisd is.
Dochs wurdt der noch hieltyd socht nei technyske oplossingen. Under oare troch it bedriuw Lely út Maassluis dat in ôfsûchynstallaasje, de Lely Sphere, betocht hat. Dit apparaat sûget ammoniak út de stâl en set dy om yn in floeibere dongstof dy't oer it lân utriden wurde kin.
Neffens Ellen Schmeitz fan Lely soarget it systeem foar in reduksje fan 70 persint fan de ammoniakútstjit út in stâl. It bedriuw hat dêr ek in sertifikaat foar krigen.
Apparaat foar ammoniakreduksje yn stâl hat noch wat tiid nedich
Minder wis is oft de floeibere dong dy't út it apparaat komt geskikt is foar bedonging op it lân. De ôfsûge ammoniak wurdt mei wetter en swevelsoer of salpetersoer bewurke om dizze floeiber te meitsjen.
Hoe goed dizze dong is foar de grûn en de planten dy't dêr op groeie, is noch net bekend. "Dat wordt het komende jaar onderzocht", seit Schmeitz. "Dus dan weten we meer." Yn totaal draaie der al mear as tritich fan dizze systemen yn Nederlân, foaral yn Brabân, en ek in pear yn it bûtenlân.
Suvelbedriuw FrieslandCampina en de Rabobank binne yn gearwurking mei Lely in proef úteinset wêrby't boeren dy't nijsgjirrich binne nei it systeem koarting krije kinne by de oanskaf dêrfan. Sa'n seishûndert boeren hawwe harren dêr foar oanmeld, seit FrieslandCampina. Yn elke provinsje wurde yn alle gefallen twa proefynstallaasjes delset.
Boer Harm Albring © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De ynstallaasje wie freed te sjen op in iepen dei by boer Harm Albring yn Drinte. Albring docht sels ek mei oan de proef mei de Lely Sphere. Hy fynt dat it better is om op it eigen bedriuw dong te meitsjen as keunstdong fan bûten oan te fieren dy't makke wurdt mei in hiel soad djoer gas.
Ien fan de besikers op de iepen dei, boer Hans Dekker, sjocht foarearst leaver de kat út de beam nei de útspraak fan de Ried fan Steat dizze wike. "Ik ben wel geïnteresseerd. Maar als ik deze week de krant lees en ik zie dat alles afgeschoten wordt door de Raad van State, dan denk ik nu even niet. Je weet op dit moment niet waar je aan toe bent in deze sector."
Adviseur Ellen Schmeitz, boer Harm Albring en boer Harm Dekker