Twivels oer emisje-earme stâlen: "Allinnich skiede fan urine en stront helpt net"

Gerrit de Boer © ANP / Omrop Fryslân
De Ried fan Steat oardiele woansdei dat it fan twa typen emisje-earme flierren yn melkfeestâlen net wis is oft dy wol echt minder ammoniak útstjitte. It direkte gefolch is dat boeren mei sa'n stâl net útwreidzje meie.
Mar de gefolgen kinne noch folle grutter wêze. It beslút iepenet op 'e nij de diskusje oft technyske ferbetteringen oan in stâl wol wurkje om de ammoniakútstjit te ferminderjen.
Der binne noch ferskate oare type stâlen mei it predikaat 'emisje-earm'. Binne se dat wol echt? En as dat net sa is, wat dan? Ferslachjouwer Gerrit de Boer beäntwurdet fiif fragen oer dit dilemma.
1. Wat betsjut it foar boeren dy't in stâl hawwe fan it type dat de Ried fan Steat ôfkard hat?
"Sy kinne foarearst gewoan trochbuorkje, want se hawwe in fergunning en de stâl is goedkard troch de oerheid. As in boer syn stal útwreidzje wol of in nije stâl fan dit type bouwe wol, hat er in probleem. Dat mei net mear."
2. Der binne ek noch ferskate oare type stâlen dy't claime dat se de útstjit ferleegje. Hoe sit it dêrmei?
"Alle stâlen dy't jarre en stront yn de stâl skiede, mar de dong net fierder bewurkje, stjitte ammoniak út. Dat is befêstige troch ûndersyk fan de Universteit fan Wageningen (WUR). Sok ûndersyk fynt ûnder oare plak op de Dairy Campus yn Ljouwert.
It like sa moai: jarre en stront skiede soe soargje foar minder ammoniakfoarming. Mar dat is in misfetting, sa docht bliken út it ûndersyk.
Yn urine sit it flechtige ammoniak. Dat komt fuortendaliks nei it pisjen al frij. En hoe mear aaiwyt yn it iten, hoe mear ammoniak. Sporters dy't in soad aaiwyt ta harren nimme om de prestaasjes te ferbetterjen, rûke soms ek nei ammoniak.
Allinnich skiede fan urine en stront helpt net. Mar dochs wurdt dat yn diskusjes yn bygelyks Den Haag noch wol faak sein.
As in ko yn it lân rint, wurdt de ammoniak opnaam troch de grûn en de planten. As der strie, seachsel of in oar natuerlik produkt yn de stâl leit, komt der ek minder ammoniak frij. Ammoniak kin neutralisearre wurde troch der bygelyks swevelsoer yn te dwaan. Mar dat kinst wer min útride oer it lân.
Hoe'tst der ek nei sjochst, allinnich skiede fan urine en stront helpt net. Dus stâlen dy't op dat prinsipe basearre binne, wurkje nei alle gedachten net of net goed."
3. Mar dy stâlen binne dochs test troch erkende buro's en goedkard troch de oerheid. Boppedat, boeren hawwe der flink yn ynvestearre. Hat dat noch gefolgen?
"Dat is in tige nijsgjirrige fraach. Boeren dy't sa'n flier oanskaft hawwe, gean derfan út dat se in goede ynvestearring dien hawwe en yn elts gefal diels foldogge oan de easken fan de oerheid dat se minder stikstof (ammoniak) útstjitte moatte.
Dat blykt no net sa te wêzen en dy boeren fiele harren fansels bekocht. Ast in auto oanskafst dy't neffens de ferkeaper en de folder 1 op 20 rydt, mar yn de praktyk 1 op 5, giest ek werom nei de garaazje.
It is ôfwachtsjen oft boeren dy't mei in net-wurkjende stâlflier sitte, hjir ek wurk fan meitsje sille. Dat soe bygelyks kinne troch it bedriuw dat de stâl levere hat, foar de rjochter te daagjen of in claim del te lizzen by de oerheid. Sels in rjochtsaak tsjin de oerheid is mooglik."
4. Binne technyske oplossings foar it stikstofprobleem hjirmei fan de baan?
"De útspraak fan de Ried fan Steat is wis in flinke klap foar sokke ynnovaasjes. As dy stâlsystemen net wurkje, sil net ien se noch keapje.
Dat wol net sizze dat ynnovaasjes gjin bydrage oan de oplossing fan it stikstofprobleem leverje kinne. Elke ynnovaasje moat op syn eigen resultaat beoardiele wurde.
Mar boeren moatte derop bouwe kinne dat de resultaten fan de ynnovaasjes dy't harren tasein binne, der ek echt binne. Dat is ek foar de oerheid fan grut belang rjochting Brussel en de rjochter. De besparring moat oantoanber wêze. Oars is hy juridysk fan gjin wearde."
5. As technyske ynnovaasjes net of net goed wurkje, wat is dan de oplossing foar it stikstofprobleem?
"Der is in ferskaat oan mooglikheden om de stikstofútstjit yn de melkfeehâlderij en oare takken fan lânbou te ferminderjen.
Dat is allerearst it fretten. As dat minder aaiwytryk is, sil der ek minder ammoniak yn de miich of yn de molke sitte. Watst der oan de foarkant net yn dochst, kin der oan de achterkant ek net útkomme. Yn krêftfoer lykas brok en soaja sit in soad aaiwyt. Minder aaiwyt betsjut wol minder molke, mar ek minder kosten.
Fierders helpt it om it fee safolle mooglik te weidzjen. Stront en miich komme dan yn de natuer telâne en wurdt dêr opnaam troch de grûn en de planten.
It rouwe fretten - gers, hea, kuil of mais - kin bewurke wurde mei natuerlike produkten lykas koalstof om de fertarring te ferbetterjen en ammoniakfoarming tsjin te gean. Minder keunstdong struie soarget ek foar minder stikstof yn de boaiem en dus minder útstjit.
In potstâl (in stal mei strie, houtkrullen of seachsel op de flier dêr't de miich yn lûkt) is better as in stâl mei roasters, omdat dan de ammoniak 'bûn wurdt'.
Minder fee hâlde is ek in opsje, mar seker net de iennige. En sa is der noch wol mear te betinken. Boeren kinne oan in hiel soad knoppen draaie om de stikstofútstjit te ferleegjen."