HEA! Binne en syn Mercedessen

HEA! Binne mei syn Mercedessen
De 80-jierrige Binne Haarsma is in echte 'Wâldman'. Hy wennet al 57 jier mei syn Gé yn Tytsjerk en hat altyd wol wat hannel om 'e doar te stean. Binne hat in spesjale leafde foar it automerk Mercedes. Oare merken auto's wol er net op it hiem hawwe.
Binne is mei pensjoen, mar kin thús net stilsitte en hy fynt fan alles út. Hy is der alle dagen wol efkes op út, mar oan de oare kant is er ek wer hiel honkfêst. Syn hiele libben hat er ien kear op fakânsje west en dat wie fuortendaliks ek de lêste kear. Sa docht Binne eins alles op syn eigen wize, en dat sil ek sa bliuwe.